Curiosity-rover ûntdekt bysûndere ‘minerale blom’ op Mars
Resint ferskynd
Op Mars hat de Curiosity-rover fan NASA in ‘minerale blom’ ûntdutsen. De robot die de bysûndere fynst by in ûndersyk yn de Gale-krater. It hat de foarm fan in blom, mar it is in minerale formaasje. De twa boltsjes njonken ‘de blom’ binne mineralen.

Minerale blom (foto: NASA/JPL-Caltech/MSSS
De blom is sa grut as in lyts muntsje. De stikjes rots binne neffens NASA miljarden jierren lyn ûntstien doe’t mineralen út wetter har oan de rots fêstmakke ha. It robotkarke makke de foto fan de minerale blom ferline wike mei help fan in kamera oan syn robotearm.
Al faker die de rover dit soarte fan ûntdekkingen yn de Gale-krater, dy’t 154 kilometer breed is. Sa fûn de Curiosity yn 2015 en 2019 stikjes mineralen dêr’t guon fan ek op blomkes lykje. Mooglik hat de krater ea in mar west, en binne de mineralen dêrtroch ûntstien. Earder fûn de Opportunity-rover, dy’t yn 2003 lansearre waard en de foargonger fan de Curiosity is, yn in oare krater op ’e planeet lytse minerale boltsjes mei in blau-eftige kleur, dy’t op bosbeikes lykje.
De Curiosity lâne yn 2012 op Mars en ûndersiket it klimaat op ’e planeet en oft der ea libben mooglik west hat. De rover kin boaiemmeunsters analysearje op spoaren fan libben. Sûnt 2021 rydt ek de Perseverance op ’e planeet om boaiemûndersyk te dwaan.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje