Briefkje oer taal (6)

maart 29, 2022 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op de brief fan Jan Breimer (sjoch Briefkje oer taal (5) | It Nijs)

Bêste Jan,

It bêste boekje mei drege wurden yn it Frysk is neffens my noch altyd De Stipe. Yn dat idioomboekje steane lykwols gjin Fryske wurden njonken de Hollânske, lykas de ‘ferriederlike freonen’ yn Schwere Wörter. It giet yn De Stipe om betsjuttingsferskil fan wurden dy’t gauris trochinoar helle wurde, Frysk – Frysk. Yn it lesmateriaal fan de Afûk-kursussen is der wol omtinken foar it probleem fan de falske freonen yn relaasje ta it Hollânsk. As de Afûk in betûft taalkundige hie, soe dy der in moai learsum boekje fan gearstalle kinne.

Dyn opmerkings oer jaan en krije geane foar myn gefoel justjes fierder: myn yndruk is ek dat it yn it Hollânsk somtiden in bytsje moaier, deftiger (?) makke wurde moat, wylst yn it Frysk wat gewoan is ek gewoan sein wurde kin. Fansels is pisje en poepe hiel gewoan, mar om it no sa planút te sizzen… Dat is wier in gefoelskwestje, mar yn it Hollânsk is dat al hiel lang sa.
Sa soe werpen better, deftiger of fatsoenliker (?) wêze as gooien en alhiel as smijten. By de betelautomaat fernuverje ik my ek altyd by de ynstruksje: ‘Uw pas uitnemen’. Der binne in protte fan dat soarte fan foarbylden.

It Frysk hat dy gradaasje fan fatsoen en eptigens ek wol. Skinke kin brûkt wurde as it om in geskink giet, (oan)biede as it echt om in oanbod giet. En ûntfange fielt krekt in bytsje oars as krije. No komt my ferkrije yn ’t sin. It Frysk hat dat yn de betsjutting fan ‘oars beetpakke’, mar ek fan ‘ûntfange’, of ‘bemachtigje’. Yn gefoelswearde krekt wat mear as inkeld krije en yn betsjutting faaks ek krekt wat oars. Yn rûnten fan museums sjocht men gauris de term ‘verworven’. It Frysk hat ferwerve/ferwervje net, hoecht ek net want dy museumlju bedoele gewoan bemachtigje of sels feroverje.

Wy hawwe it oant no ta hieltyd oer wurdsjes en betsjutting hân. In oar nijsgjirrich ûnderdiel fan de taal is de sinbou. Benammen de bysin kin problemen jaan as it om it plak fan it tiidwurd (tiidwurdkloft) giet. Komt it tiidwurd (yn Germaanske talen) net altyd oan ’e ein fan de bysin?

Mei freonlike groetnisse,

Ed

maart 29, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.