Briefkje oer taal (5)

maart 22, 2022 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op de brief fan Ed Knotter (sjoch Briefkje oer taal (4) | It Nijs)

Bêste Ed,

De kwestje fan indrukwekkend lit my net los. Ik skreau twa wike lyn dat ik ymposant en swiid lang net altyd as wjergaders brûke kin. It Hollânske indrukwekkend is yn alderhande situaasjes te brûken. In geweldich goed skreaun boek, in knappe prestaasje en in begraffenis, se kinne allegearre in djippe yndruk op ús meitsje, mar foar myn taalgefoel binne se net ymposant en ek net swiid te neamen. Fan sa’n boek soe ik sizze dat it my rekke hat, fan de technyske of sportive prestaasje dat dy der wêze mocht of in prestaasje fan komsa wie, en fan de begraffenis dat er oangripend wie of my yn it moed taaste. It is gjin earmoede dat wy soms, of faak, gjin wjergader fan ien wurd foar in (eigenskips)wurd út in oare taal hawwe. Sjoch it as rykdom dat wy mei in omskriuwing fan wat mear wurden ús gefoel, miening of ûnderfining krekter werjaan kinne.

It spitige is dat it oerhearskjende Hollânsk sokke eigenheden fan it Frysk weidrukt. Dat eigene sit net allinne yn útdrukkingen, mar ek yn it justjes oars brûken fan wurden dy’t op it earste gesicht wol itselde betsjutte sille (byg. jaan en geven, krije en krijgen). Do fregest: is dat gjin ynfloed fan bûtenôf? Ja, ik tink dat yn ’e rin fan de tiid it Hollânsk, benammen op skrift eptiger, amtliker wurden is. Geven en krijgen waarden te gewoan fûn en waarden wat langer wat mear ferfongen troch schenken en ontvangen. Soks fret om him hinne. Friezen begjinne dêr ek al mei. Jaan wurdt skinke en krije wurdt ûntfange. Op my komt dat oerdreaun oer. Dat leit ús net. As wy wat foar in goed doel oerhawwe, dan jouwe we wat en de organisaasje lit witte dat er aardich wat oan jeften krige hat. De gelegenheid biede is by ús de gelegenheid jaan. Noch in foarbyld fan oars brûken: de tee ynjitte = de thee inschenken. Oft dat ea ingieten west hat, wit ik net.

Op skoalle hiene we foar Frânsk, Dútsk en Ingelsk boekjes mei fan dy ‘ferriederlike freonen’, wurden dy’t opinoar lykje, mar yn de oare taal wat oars betsjutte. By it Dútsk wie it Schwere Wörter. Dat begûn mei it ferskil tusken aandacht en die Andacht. Is der sa’n boekje foar Frysk-Nederlânsk?

Mei freonlike groetenis,

Jan

 

maart 22, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.