Briefkje oer taal (4)
Resint ferskynd
Ed Knotter reagearret op de brief fan Jan Breimer (sjoch Briefkje oer taal (3) | It Nijs)
Bêste Jan,
op de fraach hoe’t ik dermei omgean, moat ik bekenne dat ik belangwekkend en yndrukwekkend alteast yn sprektaal wolris brûk; ek al om net te puristysk oer te kommen. Dat is swakte, mar ik wit eins gjin bettere oplossing. Ymposant is in brûkber wurd (kriget men ek net it ferwyt allinnich nei it Hollânsk te sjen).
Wekke of wekje hat fansels te krijen mei weitsje, mar dan giet it om wekker wêzen of meitsjen en wach wêzen. Waaks is fansels wat oars en wurdt allinnich fan bisten sein. Wekke yn de betsjutting fan oproppe hat it Frysk neffens my net. Mar opwekke is der wol. Opwekking yn opwekkingsbeweging hat by myn witten in godstsjinstige ynhâld. Yn it deistich libben kinne we mei opwekke twa kanten út, dy’t nammers net fier útinoar lizze: opfleurje, stimulearje (oanfiterje) en teweibringe (teweechbringe is suver te Hollânsk), ta stân bringe. By dat lêste kin men tinke oan: enerzjy opwekke (ûntstean litte). En dêrmei binne wy dan wer net fierôf fan oproppe, hoewol’t dat dochs justjes oars is.
Do sjochst wol dat ik der net goed rie mei wit. Ik tink dat we winliken mei itselde fenomeen te krijen hawwe as dat we al earder sjoen hawwe, nammentlik dat in eigenskip yn ien wurd fongen wurde moat, wylst it mei in koart sintsje ek sein wurde kin. In omskriuwing lykas it makket tige yndruk is dochs helder en goed Frysk. It is fan grut belang, of it hat gâns betsjutting.
Wêrom dy oanstriid om it mei ien wurd ôfdwaan te kinnen? Is dat gjin ynfloed fan bûtenôf? Sa’t ek it oerdreaun oergean op oare wurden dat is: Wêrom komt it brûken fan bygelyks biede of skinke hieltyd faker foar, wêr’t gewoan jaan bedoeld wurdt?
Mei groetnisse,
Ed
“Wêrom dy oanstriid om it mei ien wurd ôfdwaan te kinnen?” Sûnder dat wurd ferlieze jo it oltiid fan Nederlânske/Ingelske wurden dy’t dy funksje wol ha.
It sil net alle kearen sa wêze, mar as Jan skriuwt dat er de oersettingen benammen siket as er Nederlânsktalige oankundigingen fan eveneminten oersette moat, dan is der mooglik sprake fan pragmatyske ynterferinsje as jo in wurd sykje dat oarspronklik in útsûnderlike steat oanjoech.
It is net om ‘e nocht dat de Fryske folkstaal sunich is mei gebear. Dy’t elk ‘belangwekkend’ en ‘indrukwekkend’ yn it Frysk oerbringt, klinkt as in Amsterdammer, mar dan mei Fryske wurden. It understatement is net om ‘e nocht sa’n bekende Fryske stylfiguer.
As in útstalling dúdlik nijsgjirriger is as alle útstallingen fan de lêste tritich jier, ja, dan is in ‘ymposant’ of ‘yndrukwekkend’ wis te ferdigenjen, mar as it om it safolste sealtsjefol foto’s fan hobbyklub “Het kekke cameraatje” giet, dan hoecht der net in subjektive beskriuwing by.
En stel dat in útstalling der wier út kipt, as it Frysk Museum bygelyks de kroan fan Karel de Grutte sjen lit, of de romtewêzens fan Rosswell komme yn it Frysk Natoermuseum te lizzen – soe in ‘koe wol minder’ of in ‘net al te raar’ it entûsjasme dan net better útdrukke as sa’n ûndertusken leech bearwurd?
Der is al lang in Frysk wurd foar ‘indrukwekkend’: ‘swiid’. En ‘angstwekkend’: ‘njoer’. Dat wêr prate jim oer? Of fine jimme dy te Frysk?