Briefkje oer taal (3)
Resint ferskynd
Jan Breimer reagearret op de brief fan Ed Knotter. (sjoch Briefkje oer taal (2) | It Nijs)
Bêste Ed,
Do neamst it Hollânske maakbaar. It wie yn de santiger jierren dat guon politisy op in ‘maakbare samenleving’ ta woene. Oaren achten dat net haalbaar en wiene al tefreden mei in leefbaar lân.
Dy nijfoarmingen dogge it yn it Frysk net of minder goed. As wy wat meitsje (litte) wolle, freegje we oft it wol te meitsjen is. Fan in mienskip kinne wy ús ôffreegje oft we dy nei ús hân sette of bystjoere kinne. Sjocht immen dat swier yn en seit dy dat it net helber is, dan sil in oar him meistimme en sizze dat sokke doelen net te berikken binne en wer in oarenien seit planút dat it neat wurdt. Dochs wolle we allegearre wol dat ús buert, plak of lân leefber is, mar as we dat leaver net mei in hollanisme dúdlik meitsje, sizze we dat it der goed te libjen, wêzen of wenjen wêze moat.
Dy ber-wurden binne der in protte fan. Ast yn it linker sykfinster fan it Frysk Hânwurdboek ‘*ber’ typst, krigest in hast ûntelbere (!) list: fan achtber oant en mei wurkber. Nee, aaiber is der net by. Net by al dy wurden is -ber efterheaksel (tink oan amber en blabber), mar by de measte wol. By in protte dêrfan leit it my better en brûk in wurd mear: net it is ytber, mar te iten.
Yn saaklike taal moat it koart en klear: ‘hâldber o.m. 30 juny’, mar ‘goed (of te brûken)’ kin fansels ek. Yn amtlike taal mei der gjin spjelde tusken te krijen wêze, dat útdrukkingen dy’t romte foar in wat oare ynterpretaasje jouwe, wurde mijd en dat leveret dan faak stive formulearringen op. Sa no en dan ropt in bestjoerder dat amtners in kursus foar linich en begryplik skriuwen folgje moatte. It hat noch net folle opsmiten. Se soene by de Provinsje ris begjinne kinne en skriuw de parseberjochten earst yn it Frysk en set se dêrnei yn it Nederlânsk oer.
Ik wit net hoe’t it dy giet, mar ik krij nochal wat berjochten oer útstallingen, útfieringen en útjeften. Dêr wurdt fansels heech yn opjûn oer hoe nijsgjirrich en geweldich oft dy binne. Wurden dy’t dan sa’t it skynt net mist wurde kinne binne belangwekkend en indrukwekkend. Yn Frysk it earste letterlik oernimme en fan it twadde de i yn y feroarje is gjin opsje, want wekke yn de sin fan oproppe brûke wy net. Foar belangwekkend jout it Frysk Wurdboek nijsgjirrich, mar dat sil net altyd krêftich genôch wêze. Foar indrukwekkend wurde ymposant en swiid neamd + dat makket yndruk. Dy oersettingen binne selden te brûken, is myn ûnderfining. Hoe giesto dêrmei om?
Wa wit, komme der út de hoeke fan de lêzers ek suggestjes dy’t te brûken binne. It is in aardichheid hoe’t dy meidogge!
Oant oare kear,
Jan
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje