Briefkje oer taal (2)
Resint ferskynd
Ed Knotter reagearret op de brief fan Jan Breimer. (sjoch Briefkje oer taal (1) | It Nijs)
Bêste Jan,
dyn ‘natuerlike’ omskriuwings binne gewoaner en oansprekkender. It docht hiel keunstmjittich oan om krekt de selde wurdfoarm oan te hâlden as yn it Hollânsk. Wurden en taalkonstruksjes yn de iene taal binne net altyd op de selde wize oer te setten yn in oare taal. Dat is no krekt it ûnderskied tusken talen, de wize fan sizzen, it taaleigen. Wêrom soenen wy no perfoarst yn it Frysk in selde soarte wurd foar grensoverschrijdend hawwe wolle? De ynhâld (in grins oergean) is ús wol dúdlik, der wurdt ommers sa folle oer skreaun en wreaun tsjintwurdich, mar eins soenen wy der wiis mei wêze moatte dat it ek op in oare wize útdrukt wurde kin. Soks bringt mear nuansearring oan ’t ljocht. Wêrom soenen wy in wurd as rolstoelbehoeftig letterlik as ien wurd yn it Frysk oersette wolle, wylst it yn it Frysk gewoan (natuerlik) útdrukt wurde kin mei: Hy hat in rolstoel nedich. Hjir sjogge wy de wearde fan meartaligens; it ferskil sit him yn dit gefal ienfâldichwei yn it brûken fan it tiidwurd wêze/zijn (rolstoelbehoeftig zijn) en it tiidwurd hawwe (in rolstoel nedich hawwe). Jo binne wat en/of jo hawwe wat. Dêr soe noch in hiel soad oer te sizzen wêze.
De reaksje fan Henk (opmerking by ôflevering 1; tige tank) jout dêr in moaie oanfolling op. Hollânske wurden lykas uitkeringsgertechtigd dogge al stiif en tige formeel oan en yn it Frysk is soks noch ‘ûnnatuerliker’(útkearings(ge)rjochtige wol ús perfoarst net oan). My tinkt dat allinnich amtners der miskien ferlet fan hawwe, grif om yndruk te meitsjen.
Dy grins, om op grensoverschrijdend werom te kommen, wurdt nammers de noarm mei bedoeld: oer de grins gean is dus bûten de noarm komme en dat is der fier by troch. Grinsferlizzend liket my gjin goed idee, want as wy dêr lang mei trochgeane, draait it út op noarmleazens. As it om in geografyske grins giet, en dêr geane wy withoefaak oerhinne, dan is grinskrusend in moai, brûkber wurd. Dan tink ik oan regels of ôfspraken dy’t jilde foar in gebiet oan beide kanten fan de grins. Kinne wy grinskrusend op fakânsje.
Om sa ticht mooglik by (over)schrijdend te bliuwen, wurdt (oer)skridend betocht, mar dat is gjin Frysk. By oertrêdzje tinkt men oan de wet en oan ferkearsregels: in ferkearsoertrêding. Dat trêdzjen is my suver te konkreet; earne oerhinne stappe, oer in grins? Bûten de noarm? Ut ’e pas rinne? Nee, no wurdt it ôfwaaid praat. In oertrêding is faaks net sa’n slim fergryp, mar de plysje moat der wol tsjin optrede. Tsja, sjochst al in plysje trippeljen? In trêdzjend optreden! Foar it Frysk is it net iens sa ienfâldich.
Wat ek net sa ienfâldich is, is in goed Frysk wurd foar it Hollânske maakbaar. Ik lies okkerdeis makber, mar dan liket meitsber noch justjes better. Ik tink dat wy hjir ek in oare formulearring, in omskriuwing foar sykje moatte.
Wat tinkt dy?
Mei groetnisse,
Ed
Grensoverschrijdend; jin fan skreaun of net beskreaune wetten neat oanlûke?
Grinsnegearend?
Google Translate jout foar -maakbaar- ‘smeedber’. Net sa gek.
…en “ûnakseptabel hâlden (en dragen”.
No gean jim wol in grins oer mei dy nuvere nijfoarming. It is der fier by troch. Gekheid, ik mei wol oer dy iepen briefkerij. Moaie rike teksten oer taal. Mei ik der stikjes fan brûke foar it ûnderwiis?
By it hantsjefol tiidwurden dy’t de feroaring k > tsj yn de stam ûndergongen ha (meitsje, laitsje, reitsje, weitsje ensfh.), is net earlik dúdik wat no de stam is – it stik dat brûkt wurdt foar wurdfoarming. Yn it tiidwurdparadigma wurdt de nijere ts-stam brûkt yn guon notiidsfoarmen ‘ik meitsje, wy meitsje’, de nammefoarm ‘ik wol meitsje’, de doelfoarm ‘om te meitsjen’, de hitende foarm ‘Meitsje dat klear!’ en it fuortsettend mulwurd ‘meitsjend’, wylst de âldere k-stam brûkt wurdt yn de oare notiidsfoarmen ‘do makkest, hy makket’, yn de doetiid ‘ik makke, do makkest, hy makke, wy makken’ en it ôfslutend mulwurd ‘hy hat makke’.
Yn gearstallingen lykje de k-stam en de ts-stam beide foar te kommen: ‘fytsmakker’, ‘makwurd’, ‘bewekker’, ‘de lakers’, ‘laitsbui’, ‘beweitser’. Wat no krekt de foarkar foar de iene of de oare stam bepaalt, is my net dúdlik.
“My tinkt dat”
“Wat tinkt dy?”
Is yn dy gefallen ‘Ik tink dat’ en ‘Wat tinksto?’ ek goed?
Jan en Ed beheine harsels troch net fierder as Nederlân te sjen. Sjoch hoe’t it Ingelsk en Dútsk der mei omgeane (of Sealterfrysk/Noardfrysk). Yn dy talen moatte lyksoartige gefoelens ek ûnder wurden bringe. Jan en Ed wolle it Frysk graach foarút helpe, mar mei in beheinde view meitsje se it harsels wól lestich.
Twa foarbyden:
*grensoverschrijdend gedrag –> unacceptable behaviour –> ûnakseptabel gedrach (en asjeblyft gjin ‘hâlden en dragen’)
*maakbaar –> makeable/doable –> te dwaan
Fansels is dit net dé manier om alle wurden oer te setten, mar in protte mooglikheden jout dizze manier fan oersetten al. It giet derom dat wy sjogge nei de kearn fan it boadskip. Wat seit in persoan dy’t praat oer ‘grensoverschrijdend gedrag’ no werklik?
It grutste probleem fan dizze manier fan oersetten is it tinken fan guon Friezen (ynkl. guon Fryske bewegers fan alle leeftiden). Sy binne sa bot troch it Nederlânsk opsûgd dat se net yn in oar ramt tinke kinne. Sy skriuwe hiele stive en ûnnoflike teksten.
De finsters iepen! Sjoch nei bûten! Wolkom talen fan ‘e wrâld!
Foar ‘grensoverschrijdend’ hawwe wy oars in moaie siswize en wol fan agraryske komôf: Hy of sy stapt bûten de stringen. (bestjutting : Dat kin net.)
“Gedrach dat der fier by troch is.”
“Hâlden en dragen dat der fier by troch is.”
Wy brûke hjir in sintsje, mar wy hawwe gjin eigenskipswurd (adjektyf). It Ingelsk is ek mear rjochte op de sin.
@ Henk. “Yn gearstallingen lykje de k-stam en de ts-stam beide foar te kommen: ‘fytsmakker’, ‘makwurd’, ‘bewekker’, ‘de lakers’, ‘laitsbui’, ‘beweitser’.” Dit heart net altyd like lekker, mar hoe’t dat kin? “Laitsbui” liket my net goed, dat wurdt wer in sintsje: “Hy skuorde him de bûsen út”, “Hy lake him slop”, “Hy hie grutte wille”, ensafh.
@Eric: ja, dat bin ik wol mei dy iens, net al dy foarmen hearre like gewoan. It WFT skriuwt by ‘laitsbui’ ‘boeketaal’ en dat jout tink wol oan dat dy foarm wat nuver is.
Dat de kar tusken de k-stam en de ts-stam foar betizing soarget, sjochst tink ek yn de kar fan Omrop Fryslân om it Nederlânske ‘lachgas’ as ‘gniisgas’ oer te setten. Sa kin men de kar omsile.
It foarkommen fan de foarmen ‘maakber(e)’, ‘maakberens’ en ‘maakberheid’ kin dêr ek op wize: ynstee fan in Fryske stam is dêryn de Nederlânske stam yn syn hele hear en fear oernaam. Dat is ek in strategy om de kar tusken de twa Fryske kandidaatstammen te mijen.
Doch kieze guon skriuwers der blykber foar om wol ôfliedingen en gearstallingen te meitsjen op basis fan ien fan de twa Fryske stammen. It kin wêze dat in Nederlânsk wurd yn kombinaasje mei konverzjetwang har dêrta oanset. As se sokke wurden meitsje, moatte se fansels in knoop trochslaan: óf de k-stam, óf de ts-stam. Dan sjochst dat beide wol foarkomme – mooglik as suboptimale kar.