Boek oer heraldyk presintearre tusken de wapenbuorden

maart 11, 2022 07:59

Ferline wike freed is yn ’e tsjerke fan Midwolde it boek Goede sier. Over heraldische wapens en hun makers doopt. Memorabilia-spesjalist Hessel de Walle krige it earste eksimplaar út hannen fan auteur dr. Kees Kuiken.

Hessel de Walle (l.) en Kees Kuiken (foto: Reyer Boxem)

Boarne: Wijdemeer

Heraldyk is yn Nederlân in frije keunstfoarm. Al leit de kleurige foarmtaal derfan al iuwenlang min of mear fêst, dochs hat der altyd romte west foar ferrassende ‘yntervinsjes’, fan it fabelwapen fan Karel de Grote – dy’t yn werklikheid gjin wapen fierde – oant it logo fan in moderene oaljemaatskippij.

Boeken oer de foarmtaal fan heraldyske wapens binne der by de rûs, mar in protte ûndersyk nei de betinkers derfan en de wize dêr’t se op te wurk giene, is noch net dien. It boek follet yn fiif opstellen dat gat foar it Nederlânsk taalgebiet op. It beskriuwt munters en munthearen, segelsnijers en herauten, mar ek bekende en minder bekende skilders lykas Jan van Scorel, Jacob Colijns en Gerryt Hesman. Der binne goed 150 wapenôfbyldingen yn kleur yn it boek opnommen.

Dr. Kees Kuiken is sinolooch en histoarikus. Hy publisearre oer heraldyk ûnder mear yn De Nederlandsche Leeuw, Alde Fryske Tsjerken en de bondel Adel en heraldiek in de Nederlanden (2012). Hy is adviseur fan de Fryske Rie foar Heraldyk.

It boek is te keap yn ’e boekhannel en yn ’e webwinkel fan útjouwer Wijdemeer. It kostet € 22,50.

maart 11, 2022 07:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.