Blidens by tsjinstanners datasintrum Zeewolde
Resint ferskynd
Memmebedriuw Meta hat besletten om foarearst ôf te sjen fan fêstiging yn Flevolân. Tsjinstanners fan it datasintrum fan Facebook hawwe mei blidens reagearre.

Foto: Wikipedia/SolarKennedy – publyk domein)
De partij Leefbaar Zeewolde is fûl tsjinstanner fan it datasintrum. By de ôfrûne riedsferkiezingen gie de partij yn ien kear fan fiif nei tsien sitten, in absolute mearderheid yn ’e gemeenterie. De ChristenUnie yn ’e gemeente Zeewolde is ek bliid. Der rint noch wol in proses by de gemeente foar de fergunningferliening.
In oere nei’t in mearderheid fan de Twadde Keamer tiisdei it regear oproppen hie om de bou foar no tsjin te hâlden, liet Meta witte foarearst fan de plannen ôf te sjen. Earst moat fêststeld wurde oft it Ryk sokke ûnbidige megadatasintra wol ha wol. Earder rôp de Earste Keamer it kabinet dêr ek al ta op.
Nei de riedsferkiezingen bliek in mearderheid fan Zeewolde tsjin de plannen te wêzen. It datasintrum soe in protte enerzjy kostje. Minister De Jonge foar Folkshûsfêsting en Romtlike Oardering joech ek oan om derfan ôf te wollen. It wachtsjen is no op it Ryksfêstgoedbedriuw dat de grûn yn hannen hat. Dat moat kedize oft it grûn ferkeapje wol oan Meta. Sûnder dy grûn kin it datasintrum dat it techbedriuw foar eagen hat, net boud wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje