Binne Mosk: De FNP de grutste!

maart 17, 2022 13:07

Kollum

Foto © FNP Tytsjerksteradiel

Ja, wy hawwe wurdearring foar al dy gemeenteriedsleden dy’t in part fan harren tiid jouwe oan de mienskip. Der binne grif minsken dy’t soks net begripe, mar wy hawwe op 16 maart mar koart nei de ferkiezingen sjoen. Nei in lyts skoft hiene wy der genôch fan, te folle iepen doarren en ferkiezingpraat.

Mar ús dei begjint goed op tongersdei 17 maart. De FNP is yn Fryslân en de gemeente Tytsjerksteradiel de grutste partij wurden. Fan de 3016 stimmen yn dy gemeente wiene der 2 fan myn frou en my.

Yn in fierder ferline stimde ik it CDA, mei it idee dat dy partij it midden hâldt tusken ‘kapitaal’ en ‘arbeid’, sis mar de midden tusken de PvdA en de VVD. Om op dy VVD te kommen, it heucht my dat se ris yn ‘t ferline as slachsin hiene “Lagere lasten”. Ik hie doe de bedoeling om dy riedsleden te freegjen wat se ôfskaffe woene. Sleau fan my, net dien. It draait wol om jild. Dus partijen dy’t fan alles tasizze, moatte standert de fraach krije: “En hoe wolle jimme dat betelje?”

De FNP hat al jierren in programma dat ús tige nei ’t sin is. Wy binne net de iennigen, want provinsjebreed hat de partij it ek goed dien. Op de foarside fan de Ljouwerter ta myn ferbjustering ek dit: “BVNL grote verrassing in Tytsjerksteradiel”. Nei oanlieding fan de kop haw ik nei it programma fan dy partij en nei Wybren van Haga sjoen. Op it ynternet is dat Twadde Keamerlid van Belang van Nederland te finen, bygelyks op 16 febrewaris, doe’t er foar de safolste kear de Covidmaatregels fan it regear ûnsin fûn.

Allinne dêrom al soe dy partij nea myn stim krije. Lykas alle partijen hat BvNL in punt dat yn de Nederlânske polityk te min oan bar komt en dêr’t ik it wakker mei iens bin. Ik sitearje: “Er moet een nationale politieke discussie worden gevoerd over bevolkingspolitiek. Nederland kan immers, gezien zijn kleine oppervlakte en hoge bevolkingsdichtheid, qua inwoners niet onbeperkt blijven groeien, gezien de druk op ruimte, milieu, woningen, maatschappij en sociale voorzieningen.”

Mar dêr hat ús gemeenteried gjin ynfloed op en yn it ljocht fan de flechtlingen stream út Oekraïne sil de praktyk foar it prinsipe gean.

 

 

maart 17, 2022 13:07
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 maart 18, 19:42

    Machtich goed dien! Ik seach dat sa likernôch 36.000 op de FNP stimd hie. Lokwinske mei it prachtige risseltaat!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.