Bestjoersoerdracht Rely Jorritsmafûns
Resint ferskynd
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Ljouwert hat besletten de bestjoersferantwurdlikheid fan it Rely Jorritsmafûns oer te dragen oan in selsstannich bestjoer. It kolleezje bliuwt as beskermhear foar it fûns opkommen en stiet ek noed foar de kontinuïteit fan it fûns as tafersjochhâlder.

Rely Jorritsma (boarne: It Skriuwersboun)
Dêrby sil it Rely Jorritsmafûns njonken it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) foar in part ûnder in personiele uny wurkje. It FLMD rikt ek ferlykbere prizen út. Dêrtroch komt der ek in bettere gearwurking tusken beide organisaasjes en kin de Fryske Literatuer better foar it fuotljocht komme. It fûns kriget troch it selsstannich bestjoer mear bewegingsfrijheid om him fierder te ûntjaan. Hein Kuiken, wethâlder fan kultuer: “Wy hawwe alle betrouwen yn it nije bestjoer om dit fûns te berêden en dêrmei de Fryske literatuerprizen út te rikken.”
Doeke Sijens, de foarsitter dy’t it kolleezje foar eagen hat en dy’t ek foarsitter fan it FLMD is: “Stifting FLMD hat al in pear kear de Relypriis regele út namme fan de gemeente Ljouwert. Dêrtroch binne wy al goed op ’e hichte fan de ferantwurdlikheden dy’t wy op ús nimme. Wy ha goed neitocht oer de bestjoersfoarm: beide fûnsen bliuwe apart, mar de bestjoersleden binne foar in moai part deselde, sadat deskundigheden dield wurde mar belangen net trochinoar rinne. Wy binne der ek wiis mei dat de Gemeente Ljouwert in each hâldt op it Relyfûns.”
Oanlieding
De gemeentlike weryndieling fan 2018 hat derfoar soarge dat de bestjoersferantwurdlikheid fan it fûns by de gemeente Ljouwert kaam. Dêrfoar lei dit by de gemeenten Littenseradiel. Sûnt dy tiid binne der stappen ûndernommen om de bestjoersferantwurdlikheid bûten de gemeente te organisearjen, better passend by de hjoeddeistige tiidgeast. De stifting bliuwt bestean, mar it bestjoer wurdt net langer troch it kolleezje foarme, mar troch bûten de gemeente wurkjende persoanen. “Mei de selsstannichheid fan it bestjoer kin it fûns him fierder ûntjaan yn de Fryske literêre wrâld sûnder behindering fan strange regels dêr’t de oerheid him oan hâlde moat”, sa seit wethâlder Hein Kuiken.
Utrikken Rely Jorritsmapriis op 1 oktober 2022
It Rely Jorritsmafûns is ûnder oare ferantwurdlik foar de jierlikse priisútrikking fan de Rely Jorritsmapriis. De earstkommende priisútrikking is op sneon 1 oktober 2022 yn it stedhûs fan Ljouwert. De Rely Jorritsmapriis is in Fryske literatuerpriis. Dy wurdt alle jierren útrikt oan de skriuwer fan it bêste en/of gedicht dat foar de priisfraach ynstjoerd is.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje