Ringeling Dronryp behellet sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’

maart 27, 2022 08:39 Fernijd

Sûnt oktober 2006 wurket bernedeiferbliuw Ringeling yn Dronryp mei in belied dat derop rjochte is om de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Al yn 2008 hat it dêr in sertifikaat foar behelle. Om de trije jier wurdt opnij besjoen oft Ringeling noch oan de easken foldocht. Diskear wie dat ek wer yn oarder, dat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ is wer foar trije jier ferlinge.

Foto: SFBO

Ringeling en twatalichheid
Ringeling heart by Stichting Kinderopvang Friesland, in organisaasje dy’t yn it grut part fan Fryslân berne- en pjutte-opfang oanbiedt. 65 fan de lokaasjes wurkje mei in twatalich belied. Dat sjocht der op dizze lokaasje sa út: in part fan de pedagogysk meiwurkers praat Frysk en in part Nederlânsk. Beide talen krije ek omtinken by aktiviteiten lykas sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik faninoar te skieden, leare de bern de talen goed útinoar te hâlden en kinne se letter makliker in tredde en fjirde taal leare.

De fisitaasjekommisje hat sjoen nei ûnder mear it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat en skriuwt yn syn rapport: ‘It is dúdlik dat dizze pm’ers in protte ûnderfining yn it wurk hawwe. Dêrby hawwe se ek sichtber wille yn it wurk en leafde foar de bern. It beneamen fan hannelingen fan de pm’ers of by de bern giet as fansels, sa wurkje jimme hjir. Yn it neipetear litte de pm’ers in foarbyld sjen fan in foarlêsdoaze, it is prachtich! De bern stean der dan ek al gau omhinne. Ek yn de ien-op-ienmominten mei de bern lykas it de flesse jaan, ferskjinjen en op bêd bringen is der oandacht en bliuwe jimme rêstich nei de bern ta.’

By it sertifisearringstrajekt kriget Ringeling begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne goed 280 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch hieltyd.

maart 27, 2022 08:39 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.