Benzineprizen stige noch fierder: hoe besparje jo op ‘e útjeften?

maart 2, 2022 20:24
Foto: pixabay.com

De oaljeprizen stige troch en de prizen fan brânstoffen oan ‘e pomp geane mei omheech. 2,25 euro foar in mingel benzine is dizze wike al gjin útsûndering mear en as de ûntwikkeling sa trochgiet as de ôfrûne dagen komt dêr alle dagen in sint by op.

De advyspriis foar in mingel Euro 95 yn Nederlân wie hjoed, 2,27 euro. In jier lyn wie dat noch 1,50 euro.

It ynternasjonale enerzy-agintskip besiket al om de priisstiging ôf te remjen troch de eigen oaljereserves op ‘e merk te bringen. Dat is lykwols net in soad, net ienris genôch om de wrâld in dei lang fan branje te foarsjen.

It is net ferbean om Russyske oalje te keapjen, mar in soad bedriuwen dogge dat op ‘t heden út prinsipe of út foarsichtigens net, wat makket dat der grutte krapte ûntstiet en de prizen hurd omheechgeane.

Der binne mooglikheden om wat minder jild kwyt te wêzen. Hjir folgje wat tips:

  • Guon minsken kinne mear thús wurkje of mei it iepenbier ferfier of op ‘e fyts nei it wurk ta gean.
  • It kin sa stadichoan foar in soad minsken út om yn Dútslân te tenken, benammen by lytsere Dútske pompen, wat fierder fan ‘e grutte diken ôf.
  • It is ferstannich om ymperiaals, dakdragers, spoilers en oare saken dy’t luchtwjerstân opsmite te ferwiderjen, dat rydt suniger.
  • It is wichtich om sa min mooglik ekstra kilo’s mei te slepen, dus helje ûnnedige bagaazje en eventueel it reservetsjil út ‘e auto wei.
  • In protte auto’s ride it sunichst by in snelheid fan tachtich oant njoggentich kilometer yn ‘e oere. Ryd op ‘e sneldyk dus krekt wat stadiger as oars, dat skeelt yn ‘e sinten. En lit jo net ferliede om jûns nei sânen 130 te riden, sokke hege snelheden binne ekstra djoer.
  • Soargje foar de korrekte bannespanning: te sêfte of te hurde bannen meitsje dat jo auto minder sunich rydt.
  • Ryd yn in sa heech mooglike fersnelling, hâld it toeretal tusken de twatûzen en 2500 toeren.
  • Wikselje sa min mooglik fan snelheid, lûk kalm op, bliuw safolle mooglik op ien baan en remje net ûnnedich.
  • Set de motor úst as jo stilsteane, ek as it mar koart is, bygelyks foar in stopljocht of in tichte spoarboom.
maart 2, 2022 20:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.