Benzine fan freed ôf wer goedkeaper

maart 31, 2022 20:29
Foto: pixabay.com

It Nederlânske regear ferleget freed de belesting op autobranje. De priis foar in mingel benzine of disel sakket dêrtroch in ein. De maatregel hat as foarnaamste doel dat minsken yn dizze djoere tiden wer wat romte yn ‘e beurs krije. Fierder moat er foarkomme dat minsken nei Dútslân of België útwike om te tenken. Gauris boadskipje hja dêr dan ek en soks giet op kosten fan ‘e Nederlânske ekonomy. Foaral ticht by de grins fernamen ûndernimmers dat klanten de grins oerstieken.

De priis fan benzine bestiet foar likernôch de helte út belesting: aksyns en btw. By disel makket belesting likernôch fjirtich persint fan ‘e priis út. Troch it ferleegjen fan ‘e aksyns sakket de btw ek. In mingel benzine wurdt dêrtroch ynienen likernôch 20 sint goedkeaper en in mingel disel likernôch 13 sint.

De advyspriis fan Euro 95 komt dan út op likernôch 2,26 de mingel en dy fan disel op 2,09 de mingel. Oan de pomp kinne de prizen noch aardich leger útfalle, benammen by ûnbemanne pompstasjons. Wol sille de prizen noch hieltiten in stik heger as foar de Russyske ynfal yn ‘e Oekraïne.

Yn ôfwachting fan de priisferleging hawwe in soad minsken yn Nederlân de ôfrûne dagen net tenkt. De pompstasjons hâlde der rekken mei dat it moarn tige drok wurdt by de pompen.

maart 31, 2022 20:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.