België hâldt twa fan sân kearnreaktoaren iepen

maart 19, 2022 09:33

Twa kearnreaktoaren fan de Belgyske sintrales Doel en Tihange bliuwe tsien jier langer iepen. Dat hat it Belgyske regear bekend makke op in parsekonferinsje. Neffens minister Van der Straeten fan Enerzjy belibje België en Europa op it stuit de grutste enerzjykrisis ea en leit dy pynlik bleat hoe ôfhinklik men is fan enerzjy út it bûtenlân.

Kearnsintrale Doel (foto: Wikipedia/Torsade de Pointes, eigen wurk – publyk domein)

Yn desimber waard noch besletten dat de twa kearnsintrales yn België yn 2025 ticht moatte, mar ûnder druk fan de hege gasprizen en de oarloch yn Oekraïne giet dêr foar twa fan de sân reaktoaren in streek trochhinne. Op dy wize hopet it regear de ôfhinklikheid fan Russysk gas te ferminderjen. Der moat noch wol ûnderhannele wurde mei de eksploitant fan de kearnsintrales oer it langer iepenhâlden fan de reaktoaren.

Mei’t de twa kearnreaktoaren net genôch enerzjy produsearje om de leveringssekerheid te garandearjen, komme der ek twa gassintrales by yn België. Fierder wurdt de produksje fan duorsume enerzjy stimulearre. Neffens de Flaamske omrop VRT lûkt it regear mear as ien miljard euro út foar ûnder mear wynmûneparken op see en sinnepanielen. “De omstannichheden sette ús derta oan om de transysje nei duorsumheid flugger te dwaan”, sei premier De Croo dêr op ’e parsekonferinsje oer. “Alles dat ús en Europa autonomer makket, sil ús fersterkje yn drege tiden.”

Kearnenerzjy is noch hieltyd de wichtichste boarne fan elektrisiteit yn België. Yn totaal steane der sân kearnreaktoaren op it terrein fan de twa kearnsintrales by Antwerpen (Doel) en Luik (Tihange). Dy foarmje al tsientallen jierren in pineholledossier foar ferskate Belgyske regearen, mei as foarriedich slútstik it beslút fan ein desimber om de sintrales yn 2025 te sluten. Op dy saneamde ‘kearnútstap’ moat it Belgyske regear no dus weromkomme, wat foaral foar de twa griene partijen yn ’e koalysje in ôfdijer is. De griene partijen hiene fan tefoaren al sein dat de “brutale ynfal fan Ruslân yn Oekraïne de geopolike situaasje feroare hie”. De partijen hiene wol as betingst dat der flugger op it ferduorsumjen fan België ynset wurdt.

Nederlânske antykearnenerzjy-groepearringen reagearje teloarsteld op it Belgyske beslút om de twa reaktoaren oant 2035 iepen te hâlden. “It toant it mislearjen fan it Belgyske enerzjybelied oan”, seit Gerard Brinkman fan miljeu-organisaasje Wise. “België hie yn alternativen ynvestearje moatten. By sokke âlde sintrales komme brekmen. Se soene eins mei pinsjoen moatte.” Jos Gulikers fan de feriening Stop Tihange Nederlân hie it beslút wol oankommen sjoen, seit er. Hy is bliid dat de reaktoaren dy’t langer iepenbliuwe net de reaktoaren mei skuorkes binne, dêr’t syn feriening altyd tsjin striden hat. “Wy hawwe ús as feriening nea útsprutsen tsjin kearnsintrales yn it algemien, inkeld tsjin ûnfeilige.”

maart 19, 2022 09:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.