Algemiene Ledegearkomste Frysk Boun om Utens

maart 1, 2022 10:52

Sneon 26 maart 2022 sil it Frysk Boun om Utens syn Algemiene Ledegearkomste yn Reeuwyk hâlde. Sjoch ús earder berjocht dêroer.

Moarns wurde de jierferslaggen fan skriuwer en ponghâlder behannele. In wichtich punt dat oan ’e oarder komt is Takomst fan it FBoU. Fierder sil praat wurde oer it hûndertjierrich jubileumfeest. Dat sil sneon 16 septimber 2023 yn Swol fierd wurde.

Lysbeth Jongbloed (foto: Jilmer Postma)

Middeis is er de Moetings- en Ynspiraasjemiddei mei in ynlieding fan Lysbeth Jongbloed, beliedsadviseur by de provinsje Fryslân foar de ôfdieling Taal en Kennis. Belangrike opjeften yn har wurk binne digitaal Frysk, de sichtberens fan it Frysk en de streektalen yn Fryslân.
Frou Jongbloed die har promoasjeûndersyk oan de Fryske Akademy en se promovearre yn septimber 2021 oan de universiteit Maastricht op it proefskrift Frisian on social media – The vitality of minority languages in a multilingual online world. Har ûndersyk gie oer it brûken fan Frysk op sosjale media.

Dat ûndersyk sil se oer fertelle en oer de útkomsten fan in ûndersyk dat se yn 2017 ûnder Friezen om utens hold: yn hokker situaasjes brûke dy Friezen Frysk, hoe liket it mei it brûken fan Frysk yn ‘e húshâlding, en hokker ynfloed hawwe de sosjale media op de ferbining mei Fryslân en it Frysk?
Fierder sil se yngean op it taalbelied fan de provinsje Fryslân en mei de oanwêzigen yn petear gean oer de fraachstikken dêr’t de provinsje op it stuit mei dwaande is.

Jûns is der foar wa’t dêroan meidwaan wol in Sineesk buffet.

Mear ynformaasje oer de dei en oer it Frysk Boun om Utens is te krijen by skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.frl, dêr’t men jin ek foar de gearkomste oanmelde kin.

maart 1, 2022 10:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.