Akkrum-Nes yn aksje foar Oekraïne

maart 7, 2022 08:32

De gearwurkjende organisaasjes binnen ‘Doarpsbreed Helpt’ yn Akkrum-Nes organisearje fan ’e wike aksjes foar Oekraïne. Ynstek is om de Giro 555-jildynsammelaksje fan hjoed krêft by te setten. Yn Akkrum en Nes binne tsientallen blaugiele posters en herten ophongen en yn winkels steane kollektebussen yn ’e kleuren fan de Oekraynske flagge.

Foto: Noordoost.nl/Alex J. de Haan

Pleatslik Belang, de Protestantske Gemeente Akkrum en Doarpskeamer ED sette mei de Ds. Hasperskoalle en OBS Akkrum de aksje ‘Akkrum/Nes hat hert foar Oekraïne’ op tou. Wichtichste oandachtspunt is dat foaral jild nedich is, fertelt foarsitter Eelco Sixma fan Doarpsbreed Helpt. Helpguod foar Oekraïne is ûnderwilens rom ynsammele, dêrom dat de klam op de lanlike jildynsammelaksje fan Giro 555 lein wurdt.

De beide basisskoallen organisearje mei harren learlingen fan ’e wike aksjes dêr’t se jild mei ynsammelje. It totaalbedrach giet nei Giro 555. De kommende fjouwer wike is de opbringst fan de sneinske kolleksje yn de Terptsjerke ek foar de lanlike Oekraïne-aksje.

Opfangplakken
De ferwachting is dat der grut ferlet wêze sil oan opfanglokaasjes foar de flechtlingen út Oekraïne yn Nederlân, yn Fryslân en dus ek yn ’e gemeente It Hearrenfean. Opsjes binne leechsteande gebouwen fan bedriuwen of ûnderdak by partikulieren. Oanbieders kinne har melde by de gemeente It Hearrenfean fia gemeente@heerenveen.nl of 140513 (moandeis o/m tongersdes fan 08.30 – 17.00 oere, freeds fan 08.30 – 16.00 oere).

Ynwenners fan Akkrum/Nes dy’t flechtlingen opfange wolle, kinne dat melde of ynformaasje krije fia takecarebnb.org. Takecarebnb is de lanlike organisaasje dy’t sûnt 2015 flechtlingen oan Nederlânske gasthúshâldens keppelet. Wa’t al Oekraïners ûnderdak jûn hat, wurdt frege om dat by de gemeente te melden.

maart 7, 2022 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.