3 april: Stabat Mater fan Pergolesi yn Grouster Sint-Pitertsjerke

maart 14, 2022 16:25

Giovanni Battista Pergolesi (ôfb. publyk domein)

Op snein 3 april 2022 sil yn de Sint-Pitertsjerke fan Grou it Stabat Mater, yn de dramatyske toansetting fan Giovanni Battista Pergolesi (1710-1736), útfierd wurde. Op in seldsum ynkringende wize wist dy Italiaanske komponist de pine te ferklankjen dy’t Maria ûndergie by it sjen fan it lijen fan har soan oan it krús. De muzyk jout in djipte oan it krusigingsferhaal dy’t de harker suver twingt om Maria’s pine mei te fielen.

De gedicht ‘Stabat Mater dolorosa’ (Jezus’ mem, troch smert befongen, skriemde bitter om har jonge by it krús dêr’t Hy oan hong, oers. Eppie Dam) is nei alle gedachten om 1300 hinne troch in Fransiskaner muonts skreaun. Yn de rin fan de iuwen hawwe hiel wat komponisten dêr muzyk op skreaun. Yn 1736 die Pergolesi dat en wol mei sa’n djipte dat de útfiering dêrfan by de oanwêzigen in geweldigen yndruk neilit.

De útfiering yn Grou wurdt fersoarge troch Varvara Thishina – sopraan, Janneke Vis – alt, Marleen Veldstra – earste fioele, Isabelle Doodhagen – twadde fioele, Irma Haverkamp – altfioele, Corien Kok – sello en Mannis Hofsink – oargel.

De útfiering op 3 april begjint om 15.00 oere. Tagongskaarten à € 15,- binne hjir te reservearjen.

 

maart 14, 2022 16:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.