Sjonge foar Oekraïne
Resint ferskynd
De entûsjaste sjongers fan Het Cantoor hawwe besletten om de helte fan de opbringst fan harren konserten moarn en oarenoarn wei te jaan oan giro 555.
Se neame it konsert ‘Earth teach me’ nei de komposysje fan Rupert Lang dy’t basearre is op in tekst fan de Ute, in ynlânsk folk dat yn it Grutte Bekken tusken de Rocky Mountains en de Sierra Nevada wennet. Fierder is it konsert benammen in oade oan de bisten. In protte stikken út de muzykskiednis binne op de iene of oare manier oan bisten wijd. In moaie blomlêzing dêrfan sil te hearren wêze.
De konserten binne op
25 maart yn Snits (Fermanje) en
26 maart yn Ljouwert (Doarpstsjerke Huzum)
en begjinne om 20.00 oere.
Kaarten à €12.50 binne op www.hetcantoor.nl te bestellen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje