Frjentsjerter krige stimpas werom, mar sûnder Fryske plaknamme

maart 10, 2022 10:49

It nijsberjocht fan juster oer de ynwenner fan Frjentsjer dy’t syn stimpas weromstjoerde, omdat er ien hawwe woe dêr’t syn wenplak yn it Frysk op neamd waard, kriget in ferfolch.

Foar de lêzers dy’t wol faker berjochten oer de plaknammekwestje yn Waadhoeke lêzen hawwe, sil it dúdlik wêze dat dy ynwenner Jehannes Elzinga is. Dy is fan betinken dat by de fúzje in flater makke is. It feit dat twa fan de gemeenten dy’t meifusearre waarden offisjeel al Fryske plaknammen hiene, hie derta liede moatten dat soks konsekwinsjes hie foar de offisjele nammen fan alle plakken yn Waadhoeke. Juridysk liket Elzinga gelyk te hawwen, mar hy kriget net gelyk, sels fan de rjochter net.

Elzinga hat syn stimpas weromkrige. Wa’t witte wol hoe’t de gemeente útleit wêrom’t net oan syn fersyk foldien wurde kin, kin it antwurd yn in brief fan twa kantsjes lêze: Waadhoeke_stimpas_antwurd gemeente side 1_2022-03-08
Waadhoeke_stimpas_antwurd gemeente side 2_2022-03-08

Dêrmei is de saak grif noch net útiten.

maart 10, 2022 10:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.