Yoga foar minsken mei Parkinson

febrewaris 26, 2022 07:44

Boarne: Yoga Samtosa

Foar minsken mei Parkinson is bewegen in ding fan belang. Dat hâldt harren kondysje, krêft en balâns op peil. Dêrom soarget de Stichting Parkinson in Beweging derfoar dat der gelegenheid is foar it beoefenjen fan alderhande bewegingsfoarmen. Yn Fryslân wurdt boksen, dûnsjen en Nordic Walking al oanbean. No komt yoga der ek noch by.

Minsken mei de diagnoaze parkinson kinne woansdei in fergeze proefles by studio Yoga Samtosa oan it Noardfliet yn Ljouwert folgje om mei yoga en de kursus yn ’e kunde te kommen. Se kinne har dêrfoar opjaan fia www.parkinsoninbeweging.nl.

It nije inisjatyf wurdt earst yn Ljouwert oanbean, mar meikoarten ek yn Harns. Mear ynformaasje oer de ferskillende bewegingsaktiviteiten is op it neamde webstee te finen.

febrewaris 26, 2022 07:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.