Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal

febrewaris 21, 2022 09:47

Alle jierren wurdt troch de Unesco op 21 febrewaris de Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal (International Mother Language Day) fierd. De dei stiet yn it teken fan it taalkundige en kulturele ferskaat en de meartaligens.

Foto: Wikipedy – publyk domein

Foar de Unesco binne talen it ynstrumint om it kultureel erfgoed libben te hâlden. Troch de memmetaal yn eare te hâlden, bliuwt de taalkundige en kulturele tradysje bestean, en wurde minsken har bewuster fan de ferskillen tusken de ferskate minskegroepen. Dat soe ta mear begryp liede.

Oanlieding om de Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal op 21 febrewaris te fieren, is de rebûlje yn 1952 doe’t ferskate studinten omkamen by demonstraasjes om it Bengaalsk, de sechde taal fan de wrâld, erkend te krijen as in offisjele taal fan Pakistan. Dat lân bestie doe út East- en West-Pakistan, it hjoeddeiske Bangladesh en it hjoeddeiske Pakistan. It regear hie steld dat inkeld it Urdu de taal fan Pakistan wie. De slachtoffers fan de opskuor wurde yn Bangladesh op dizze dei betocht mei Ekushey (Dei fan de Martelders).

De Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal waard foar it earst yn 2000 fierd. It komitee dat dêrta oprôp, berjochte dat der hast seistûzen talen binne.

Lês ek:
www.itnijs.frl/2022/02/meartalige-spyllist-fan-de-efa;

www.itnijs.frl/2022/02/ynlanske-taal-fan-fjoerlan-ferdwun-mei-dea-leste-sprekker;

www.itnijs.frl/2022/02/kursus-skylingers-op-skylge;

www.itnijs.frl/2022/02/nij-fan-praat-mar-frysk-fryske-wibelders;

www.itnijs.frl/2022/02/webinar-ynternasjonale-memmetaaldei-2022;

www.itnijs.frl/2022/02/eblt-mercator-en-slieker-hawwe-premjere-fiiftalige-film-op-memmetaaldei.

febrewaris 21, 2022 09:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.