Ynlânske taal fan Fjoerlân ferdwûn mei dea lêste sprekker
Resint ferskynd
Yn it suden fan Sily is Cristina Calderon ferstoarn, de lêste sprekker fan de ynlânske taal Yamana. Mei har ferstjerren, yn ’e âldens fan 93 jier, ferdwynt de kennis fan de útspraak fan de taal dy’t net oan oare talen besibbe is.

Fjoerlân, skilderij fan Conrad Martens, 1832 (boarne: Wikipedia – publyk domein)
It Yamana, dat 32.400 wurden telde, waard sprutsen yn Fjoerlân, it súdlikste puntsje fan Sily en Argentinië, dêr’t de Yaga-befolking libbet. Calderon wenne yn Villa Ukika, in delsetting oan ’e râne fan Puerto Williams op it eilân Navarino. Puerto Williams is it súdlikste plak yn ’e wrâld. Der wenje sa’n 2300 minsken.
Wurdboek
Calderon lei sûnt de dea fan har suster Ursula yn 2003 safolle mooglik fan de taal fêst yn in wurdboek nei it Spaansk mei help fan antropologen. Har jongste dochter, Lidia Gonzalez Calderon, seit dat mei de dea fan har mem in wichtich part fan it kulturele ûnthâld fan it folk ferdwûn is, mar dat it wurdboek wol de hoop biedt dat de taal yn ien of oare foarm fuortlibje sil. De likernôch santich leden fan de Yagan-befolking dy’t noch libje, hawwe de taal net mear leard. Neffens Calderon kaam dat trochdat se harren skammen foar de ‘gringos’, de wite minsken, en troch harren útlake waarden.
Libben erfgoed
Christina Calderon waard yn 2017 troch Unesco en it Sileenske regear útroppen ta ‘libben erfgoed’. Hja wenne yn in ienfâldich hûs oan it Beaglekanaal en libbe fan de ferkeap fan selsbreide sokken yn Villa Ukika. Calderon hie sân bern en fjirtjin bernsbern.
Grûnwet
Har dochter Lidia is ien fan de ynlânske wetjouwers dy’t meiwurkje oan it opstellen fan in nije Sileenske grûnwet. Hja freget dêrby omtinken foar de ynlânske folken. De measte leden fan de Yagan-befolking wenje yn Villa Ukika. Earder wie it in nomadefolk dat seistûzen jier lang as kanofarders op see libbe en hast gjin produkten fan it lân brûkte. Hja libben fan de fiskerij en joegen op seehûnen, walfisken en fûgels. Yn de 19e iuw wiene der sa’n 3000 Yagans of Yamana’s. In heale iuw letter wiene der noch 130 oer.
Yn de sechtiger jierren binne se troch de autoriteiten út de Mejillonesbaai wei oan lân brocht. Yn ’e rin fan ’e tiid hat de befolking him fermongen mei de oare bewenners fan Fjoerlân, oare ynlânske folken en blanken kolonisten. De natuerlike keat fan sprekkers fan de taal waard dêrmei ferbrutsen, wêrtroch’t de taal ferlern gie.
Allegear lytse fûgeltsjes wurde opslokt troch ien grutte rôffûgel. Dat moatte wy net wolle.