Wurken fan Henri de Wolf en Ruloff Manuputty yn Museum Belvédère

febrewaris 28, 2022 08:27

Neist in nije dûbelútstalling fan Isabella Werkhoven en Dianne Bakker yn de eastfleugel, hingje yn de westfleugel fan Museum Belvédère yn de nije kolleksjepresintaasje ûnder oare wurken fan Henri de Wolf, Ruloff Manuputty, Fie Werkman, Jo van Dijk, Jan Kagie, Jaap Min en Jet van Oosten.

Henri de Wolf, wurk sûnder titel út 1960 (boarne: Museum Belvédère)

Henri de Wolf (1938-1986) en Ruloff Manuputty (1926-2002)
It skilderij fan Henri de Wolf wie der al langer, dat fan Ruloff Manuputty is koartlyn oankocht. Beide keunstners binne yn Yndonezië berne, mar se fûnen inoar yn Grins. De iene ynspirearre de oare. Beide helje se ynspiraasje út de byldtaal fan it lân fan komôf, tegearre spilen se in wichtige rol yn de moderne skilderkeunst yn Noard-Nederlân. No hingje harren skilderijen njonkeninoar, yn ûnderlinge ferstânhâlding.

Ruloff Manuputty – ‘Exodus – Hongaarse opstand’, 1956 (boarne: Museum Belvédère)

Fie Werkman (1915-2002)
It is foar it earst dat beide abstrakte tekstylkollaazjes fan Fie Werkman byinoar op seal hingje. Fie Werkman makke der in protte en bruts dêr tsjin de ein fan de sechtiger jierren mei troch. En mei har útstalling yn it Steedlik Museum Amsterdam yn 1973 stapte se einliks út it skaad fan har heit Hendrik Werkman. Har fynsinnige komposysjes passe hielendal yn de ûntwikkelingen fan de moderne keunst út dy rite.

Fie Werkman – ‘Compositie’, 1967 (boarne: Museum Belvédère)

Sjoch op www.museumbelvedere.nl foar mear ynformaasje.

febrewaris 28, 2022 08:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.