Winkelstellerij yn Fryslân rint mei 12% tebek

febrewaris 11, 2022 08:46

It tal winkelstellerijen is yn ’e provinsje Fryslân de ôfrûne fiif jier mei 12% tebekrûn. Nettsjinsteande dat wiene der yn Dantumadiel krekt mear (56%) oanjefte. Dat docht bliken yn in analyze fan beslist.nl, dat gegevens fan de plysje en de Keamer fan Keaphannel kombinearre.

Foto: Plysje Nederlân

Measte winkeldieverij yn Ljouwert
Yn ’e ôfrûne fiif jier waarden lanlik goed 178.800 meldingen fan winkeldieverij dien, wêrfan 4.956 yn Fryslân. Mar twa fan de achttjin Fryske gemeenten sitte boppe de lanlike trochsneed fan oardel winkelstellerijen de winkel oer de ôfrûne fiif jier. Benammen yn ’e gemeenten Ljouwert (4,2 dieverijen de winkel) en Smellingerlân (3,7) hawwe winkellju in protte lêst fan stellerij. Op Skiermûntseach wie gjin winkeldieverij.

Lanlik sakke it tal winkeldieverijen mei 14%
Lanlik rûn it tal winkelstellerijen tusken 2017 en 2021 mei 14% tebek. De measte provinsjes litte positive sifers sjen. Fryslân sit mei in fermindering fan 12% ûnder de lanlike trochsneed.

Flevolân spant de kroan mei in fearn minder winkeldieverijen as yn 2017. Nettsjinsteande de tichtplicht hiene Oerisel en Gelderlân just mear winkeldieverijen. It tal meldingen gie dêr mei 1% omheech neffens fiif jier lyn.

Mear ynformaasje oer de analyze is te finen op: www.beslist.nl/info/winkeldiefstal.html.

febrewaris 11, 2022 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.