Wetterskip makket mear romte foar wetter en natuer yn Wolvegea-East

febrewaris 1, 2022 08:33

Wetterskip Fryslân ferbredet fan begjin febrewaris 2022 ôf de wettergong oan de eastkant fan Wolvegea, mei in bettere wetterôffier as doel. Sa sille ynwenners ek yn ’e takomst foar wetteroerlêst beskerme wêze.

Boarne: Gemeente Weststellingwerf

Yn gearwurking mei gemeente Weststellingwerf makket it wetterskip it part fan de wetterloop by Om den Noort ekstra breed mei natuerlike oeren. Sa ûntstiet der in soarte fan natuerlike slinke dy’t de yntree fan Wolvegea fan de sneldyk A32 ôf opkreazet. It wurk is nei alle gedachten ein april 2022 klear.

De wetterrin deunby de oprit nei de sneldyk A32 is no te smel foar in goede wetterôffier en foldocht net oan de easken. Troch dy te ferbreedzjen, ferbetteret it wetterskip de trochstreaming nei gemaal Stellingewei en kin de wettergong mear wetter bergje. Dat beheint de gefolgen fan wetteroerlêst by stoartbuien, dy’t troch de klimaatferoaring hieltyd faker foarkomme. En yn riten fan ekstreme drûchte kin it wetter skielk better fêstholden wurde.

Wetterskip Fryslân kin nei de ferbreding de wetterrin ekologysk ûnderhâlde. Dêrby bliuwe hieltyd oan ien kant de wetterplanten stean. Dat is goed foar de wetterkwaliteit (skjinner wetter) en it bioferskaat.

Natuerlike oeren
It wetter by Om den Noort lâns tusken de twa rotondes, wurdt oer in lingte fan likernôch 225 meter ekstra breed útgroeven. Dêr komt in nije wetterpartij yn ’e foarm fan in slinke mei natuerlike, flauwe oeren. De ûndjippe oergong nei de drûge oer is in goed leefgebiet foar planten en bisten.

De oan te pakken trajekten
It wetterskip ferbredet yn totaal 1500 meter fan de wetterrin beneasten Wolvega. It giet om it part oan de westkant fan de sneldyk A32: it trajekt fan de krusing fan de Haadwei en Om den Noort ôf, by Atalanta del oant de lûdswâl fan de A32. It oare te ferbreedzjen trajekt leit oan de eastkant fan de Stellingewei en einiget by gemaal Stellingewei.

Neist it ferbreedzjen fan de wettergong wurde in stikmannich dammen en dûkers oanpast of fuorthelle. Wetterskip Fryslân ynvestearret yn totaal 350.000 euro yn it projekt.

Mear ynformaasje oer it projekt is te finen op: www.wetterskipfryslan.nl/wolvegaoost.

febrewaris 1, 2022 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.