Webinar Ynternasjonale Memmetaaldei 2022

febrewaris 14, 2022 09:30

Ta gelegenheid fan de Ynternasjonale Memmetaaldei op 21 febrewaris organisearje ûnderskate organisaasjes mei-inoar in live webinar. Dy organisaasjes binne de Taalunie, de Unesco-kommisjes fan Nederlân, Flaanderen en Suriname, de Nationale Taalraad Suriname, it Regionaal Ynformaasjesintrum fan de Feriene Naasjes foar West-Europa, it Ynformaasjesintrum fan de Feriene Naasjes foar it Karibysk gebiet en Drongo.

Boarne: Drongo.nl

It webinar is op moandei 21 febrewaris 2022 fan 14.00 oant 15.00 oere yn Nederlân, Flaanderen en Brussel en fan 10.00 oant 11.00 oere yn Suriname, online op it Drongo-platfoarm.

Programma
Monaïm Benrida, programmamanager gelikense kânsen fan it Nederlânske ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, is de gasthear.
Karoo Beheydt, ûnderwiisstiper by it Onderwijscentrum Brussel, lit it ynstrumint ‘omgean mei talich ferskaat op skoalle’ sjen en ljochtet ta hoe’t dat tapast wurde kin.
Ellen-Rose Kambel, direkteur fan de Rutu Foundation foar ynterkultureel meartalich ûnderwiis, giet djipper yn op taalfreonlike skoallen, transtaligens en funksjoneel meartalich learen.
Lidy Peters, dosint meartaligens by Hogeschool Academie, University of Applied Sciences yn Amsterdam, en auteur fan it boek Talen die de school in komen, follet oan mei foarbylden út de praktyk en fertelt hoe’t âlden fan learlingen yn it ûnderwiis behelle wurde kinne.

Nei de presintaasjes kinne minsken dy’t har foarôf op it Drongo-platfoarm registrearre hawwe en har ek foar it webinar oanmeld hawwe, fragen stelle fia de tsjet.

Registrearje en oanmelde
Fia dizze link komt men op de side fan it webinar. Under de foto kin men jin fia de giele knop oanmelde foar it webinar nei’t men jin op it Drongo-platfoarm registrearre hat. Wa’t him noch registrearje moat, kin fia it tegeltsje yn de aginda op de thússide weromkomme nei de side fan it webinar en him dêr oanmelde. Op 21 febrewaris kinne dielnimmers ynlogge op it Drongo-platfoarm en it webinar streekrjocht folgje.

Elkenien is wolkom op 21 febrewaris.

febrewaris 14, 2022 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.