Wat binne de bêste (keunst-)iisbanen fan Nederlân?

febrewaris 19, 2022 09:00

Ynspirearre troch de Olympyske Winterspullen en troch de deistige útstjoering fan Peking Vandaag fan de Jaap Edenbaan yn Amsterdam ôf, besleat Holidu, sykmasine foar fakânsjehuzen (www.holidu.nl), út te sykjen hokker iisbanen yn Nederlân de bêste beoardieling fan it Nederlânske folk krije.

Thialf (foto: Hans Splinter fia Flickr)

De ranglist is makke op basis fan in oersjoch fan troch de KNSB-erkende iisbanen yn Nederlân. Dêrby is de iisbaan mei de heechste beoardieling op nûmer ien einige. By in gelikense beoardieling is sjoen nei it heechste tal beoardielingen. Yn ’e top tsien binne inkeld de keunstiisbanen fan Nederlân meinommen.

  1. Thialf, It Hearrenfean – beoardieling: 4.6 (op basis fan 2648 resinsjes);
  2. Alvestêdehal, Ljouwert – beoardieling: 4.5 (op basis fan 1085 resinsjes);
  3. IIsbaan Twinte, Ynskedee – beoardieling: 4.4 (op basis fan 959 resinsjes);
  4. IIsbaan Haarlim, Haarlim – beoardieling: 4.4 (op basis fan 896 resinsjes);
  5. Jaap Edenbaan, Amsterdam – beoardieling: 4.3 (op basis fan 1761 resinsjes);
  6. IIssportsintrum Eindhoven, Eindhoven – beoardieling: 4.3 (op basis fan 1071 resinsjes);
  7. De Meent, Alkmaar – beoardieling: 4.3 (op basis fan 1029 resinsjes);
  8. De Westfries, Hoorn – beoardieling: 4.3 (op basis fan 998 resinsjes);
  9. Ireen Wüst IIsbaan, Tilburch – beoardieling: 4.3 (op basis fan 500 resinsjes);
  10. Vechtsebanen, Utert – beoardieling: 4.3 (op basis fan 87 resinsjes).

IIsbanen mei natueriis
Njonken iisbanen mei keunstiis binne der ek in tal troch de KNSB erkende iisbanen mei natueriis yn Nederlân. Fan de iisbanen mei natueriis einiget IIsbaan Noardlaren yn Drinte op nûmer 1 mei in beoardieling fan 4.8 op basis fan 69 resinsjes. Spitigernôch leit der op it stuit gjin natueriis, dat foar ús reedrydwille moatte we no gebrûk meitsje fan de banen mei keunstiis.

febrewaris 19, 2022 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.