Waarpraatsje: Tongersdei wer wat sinne
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It is in mylde winter, mar wy krije dochs noch in pear nachten mei in graadsje froast en wy sille oant snein de sinne ek wer wat faker sjen.
Woansdeitenacht is it bewolkt en it kin sa út en troch wat reine. De súdwestewyn is swak oant matich. Letter yn ‘e nacht rommet de wyn by de kust lâns nei it westen oant noardwesten. It wurdt 5 graden.
Tongersdei is it earst, nei alle gedachten, skier, mar geandewei kin it wat opklearje. De westewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich en by de noardlike kust lâns hurd. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.
Freed kin de sinne noch wat mear skine. It bliuwt dan ek, sa goed as, drûch.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje