Waarpraatsje: Soad sinne

febrewaris 27, 2022 19:29

Park Ter Huivra op ’e Jouwer. foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in strieljend wykein mei in hiel soad sinne, mar der stie snein wol wat mear wyn as sneon. Moandei skynt de sinne ek hast de hiele dei.

Sneintenacht is it helder. De súdeastwyn is swak oant matich, mar yn it Waadgebiet frij krêftich. De temperatuer leit tusken de +2 en -2 graden.

Moandei skynt de sinne de hiele dei, mar wat hege bewolking is letter net hielendal útsletten. De sudeastewyn is matich, by de kust lâns sa út en troch frij krêftich. It wurdt 9 graden, mar troch de wyn fielt it wol wat kâlder oan.

Tiisdei falt der wat rein.

Jan Brinksma

febrewaris 27, 2022 19:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.