Waarpraatsje: Efkes wat kâlder
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in rêstige en kreaze tongersdei sil it no in pear dagen efkes wat kâlder wurde. Yn ‘e nachten kin it sels in hiel lyts bytsje frieze.
Tongersdeitenacht wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf en der kinne in pear buien falle, miskien wol mei heil. Boppe it fêstelân stiet in matige westewyn, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar komt de wyn út it noardwesten en is krêftich oant hurd, by de noardlike kust lâns sa út en troch stoarmich mei kâns op swiere wynpûsten. De temperatuer leit om de 4 graden hinne.
Freed wikselje sinne en in pear buien inoar ôf. By in swakke oant matige weste- oant noardwestewyn is it in graad of 7.
It wykein hat wer twa gesichten. Sneon sjocht it waar der kreas út, mar snein reint it in skoft. It wurdt dan ek wer mylder.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje