Van der Poel berydt goud op 10 kilometer

febrewaris 11, 2022 11:16

Jorrit Bergsma hat op de olympyske 10.000 meter gjin medalje pakt. De 36-jierrige Boarnster waard fjirde. Nils van der Poel (Sweden) pakte it goud yn in nij wrâldrekôr.

Bergsma, dy’t yn 2014 olympysk goud pakte en yn 2018 sulver, kaam yn rit fjouwer yn aksje. Dat wie de earste rit nei de dweil. De Boarnster gong hurder fan start as Roest, dy’t doe de rapste tiid hie, mar it ferskil waard hieltyd lytser. Yn de slotfaze koe Bergsma net tippe oan it tempo fan Roest.

De tiid dy’t Bergsma op de klokken sette, wie 12.48,94. De trijefâldich wrâldkampioen ried in tige flakke rit, mar foar olympysk earemetaal wie it net genôch.

Patrick Roest wie de earste fan de topfavoriten dy’t fan start gong. Syn start wie oan de stadige kant, mar fierde it tempo stadichoan op. Hy kaam oer de finish nei 12.44,59 en moast doe ôfwachtsje. Wat dy tiid wurdich wie, wie op dat stuit net dúdlik.

Nei’t Roest en Bergsma de rapste twa tiden delset hienen, kaam topfavoryt Nils van der Poel yn de baan. De Sweed, dy’t de lêste dagen foar opskuor soarge yn Peking, begûn foar syn dwaan rêstich. Dat wie noch hieltyd goed genôch foar it rapste skema.

Yn it twadde part fan de 10.000 meter dûkte Van der Poel ûnder de rûntsjes 30: hy notearre it iene nei it oare rûntsje yn de 29. De lêste twa rûntsjes wienen sels 28,91 en 28,60. Hy kaam oer de streek yn 12.30,74, goed twa sekonden rapper as syn eigen wrâldrekôr.

Yn deselde rit as Van der Poel ried de Italiaan Ghiotto ek in sterke tiid. Hy wie rapper as Bergsma, wêrtroch’t de Fries fan it poadium dûkele.

Van der Poel koe nei syn rit syn titel al fiere, al kamen yn de lêste rit regearjend olympysk kampioen Ted-Jan Bloemen en Bart Swings noch yn de baan. Bloemen begûn noch wol mei rûntsjes yn de 30, mar dat koe er net folhâlde. Hy ferlear mear en mear tiid op it skema fan Patrick Roest, dy’t dêrtroch syn twadde sulver fan dizze Spelen pakte.

Bergsma einige úteinlik as fjirde, op in lytse trije sekonden fan it brûns. Hy komt sneon 19 febrewaris opnij yn aksje, dan op de massastart. Op de ploege-efterfolging (takom snein) is er reserve.

Boarne: Omrop Fryslân

febrewaris 11, 2022 11:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.