Utstalling ‘À la campagne’ fergees te besytsjen op sneon 19 febrewaris
Resint ferskynd
It Frysk Museum organisearret op sneon 19 febrewaris in publyksiepening by de útstalling À la campagne: it Frânske ljocht fan Maris oant Monet. De tagong is dy deis fergees, mar der moat foarôf wol in kaartsje reservearre wurde. Dat kin fia friesmuseum.nl/tickets.

Théo Van Rysselberghe, ‘Chênes lièges’, 1918 (foto: Studio Tromp)
Op de iepeningsdei binne der trochrinnend aktiviteiten yn it museum, lykas in rookrûnlieding, in fertoaning fan Être et Avoir by Slieker Film en Frânske muzyk. Yn ’e útstalling wurdt in reis makke bylâns de artistike ûntwikkeling fan de ‘Frânske blik’ op it lânskip, mei topkeunstners as Cézanne, Renoir, Monet, Pissarro, Gauguin en Van Gogh út de kolleksje fan Museum Boijmans Van Beuningen.

Frank Bloem/the Snifferoo (foto: Annelies Verhelst)
Under de premjêre fan de útstalling kinne besikers fergees À la campagne besjen en oan aktiviteiten ferspraat oer de dei meidwaan. Frank Bloem (the Snifferoo) prikelet jins sintugen mei in rookfertoaning. Sa waant men jinsels it iene momint yn in echt blommefjild en it oare momint yn ’e bosk op in simmerske dei. Yn ’e hal lit in dj Frânske sjansons hearre. Foar de lytskes is der in famyljeprogramma ûnder lieding fan keunstner Koos Buist. Slieker Film lit de fielgoed-dokumintêre Être et Avoir (2002) sjen. De mei prizen oerladen film fertelt it ferhaal fan in lyts skoaltsje op it Frânske plattelân.
Kaarten foar de útstalling binne fergees te reservearjen fia friesmuseum.nl/tickets. Foar de film is in fergees kaartsje te reservearjen fia sliekerfilm.nl.
De útstalling À la campagne komt ta stân yn gearwurking mei Museum Boijmans Van Beuningen en is ûnderdiel fan Arcadia 2022.

Claude Monet, ‘Champ de coquelicots’, 1881 (foto: Studio Tromp)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje