Untdekster fan omikronskaai mocht dat net “myld” neame

febrewaris 11, 2022 17:03
Angelique Coetzee (foto: Wion)

De foarsitster fan de Súd-Afrikaanske dokterskoepel Angelique Coetzee hat ferline jier as earste it omikronskaai fan it koroanafirus fûn. Doe’t hja sei dat it in myld firus wie, waard hja neffens har eigen sizzen troch sawol wittenskippers as politisy út Europa ûnder druk set om dêrop werom te kommen en yn it iepenbier te sizzen dat omikron wis wol ta slimme sykte liede koe. Hja wegere lykwols om har útspraken oan te passen.

Frou Coetzee ferwiist foar har oantsjutting fan omikron as ‘myld’ nei de definysjes dy’t de ynternasjonale organisaasje foar de sûnens WHO foar de slimmens fan sykteferwekkers jout. Fierders ferwiist hja nei betide ûnderfinings fan Súd-Afrikaanske en Australyske húsdokters mei omikron. Neffens har is it firusskaai wat slimmichheid oanbelanget te ferlykjen mei it grypfirus.

Frou Coetzee seit dat hja der ûnder de minsken dy’t har ûnder druk set hawwe ek Nederlânske wittenskippers wiene.

febrewaris 11, 2022 17:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.