Unike histoaryske films Wolvegea en Skerpenseel

febrewaris 23, 2022 08:47 Fernijd

Tanksij de gearwurking fan it Frysk Film- en Audioargyf en de Aldheidskeamer Weststellingwerf binne no fiif histoaryske Stellingwerver films online te besjen. Se binne yn de sechtiger jierren makke en befetsje net earder digitalisearre bylden út Skerpenseel en in nije hege kwaliteitskopy fan de Doarpsfilm Wolvegea.

Doarpsfilm Wolvegea (boarne: Frysk Film- en Audioargyf)

Yn 2021 hat de Aldheidskeamer Weststellingwerf syn filmkolleksje oan it Frysk Film- en Audioargyf yn behear jûn. De 8mm-films binne troch de meiwurkers en frijwilligers fan it argyf besjoen en restaurearre, en dêrnei koene se digitaliearre wurde. De films binne no op ynternet te besjen.

De Adolfs doarpsfilm fan Wolvegea wie al earder digitaal beskikber as fideokopy. Mar is no einliks yn prachtige kwaliteit fan de orizjinele 8mm-filmspoel ôf digitalisearre. De film jout in prachtich tiidsbyld fan it doarp yn it jier 1964. De kameraman nimt de sjogger ûnder oare mei by alle basisskoallen lâns, hy sjocht amtners oan it wurk yn it gemeentehûs, komt yn de ferskate wenwiken en yn de winkels en bedriuwen fan dy tiid.

De filmkolleksje fan de Aldheidskeamer befettet ek fjouwer films oer Skerpenseel en omkriten. Foar safier bekend binne de 8mm-spoelen net earder digitalisearre. Tige bysûnder is dat trije fan de fjouwer films yn kleur binne. Men sjocht ûnder mear in doarp yn ’e winter, mei alle sniewille dy’t dêrby heart. Oan bod komme ek ferskate hjeldagen en eveneminten lykas Sinteklaasfeest op skoallen yn ’e omkriten, sportdagen en -wedstriden, in kuierfjouwerdeiske en noch folle mear. De films jouwe in yntym byld fan it skildereftige doarp, syn mienskip en bedriuwigens. Se litte dêrneist op prachtige wize it boerelibben yn dy omjouwing sjen. De kolleksje befettet ek in Alden fan Dagentocht út 1967 makke troch Jan Barnier. Fan de oare films fan Skerpenseel is net bekend wa’t de makker is.

Skerpenseel (boarne: Frysk Film- en Audioargyf)

Mei de digitalisearring en presintaasje fan de films wurdt in moai en unyk stikje filmhistoarje út de Stellingwerven bewarre foar takomstige generaasjes. In gebiet dêr’t nei alle gedachten noch folle mear unike films makke binne. Minsken of organisaasjes dy’t yn it besit binne fan histoaryske films út dy regio binne dan ek fan herte wolkom om mei harren film- en fideokolleksjes by it Frysk Film- en Audioargyf of by de Aldheidskeamer Weststellingwerf del te kommen.

Op de webside en op it YouTube-kanaal fan it Frysk Film- en Audioargyf binne de films no te sjen.

febrewaris 23, 2022 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.