Twadde libben foar omwaaide beammen

febrewaris 21, 2022 09:31

De stoarmen Dudley en Eunice hawwe de ôfrûne dagen yn Fryslân foar in protte omwaaide beammen soarge. Stadshout Ljouwert hat in aksje opset om dy omwaaide beammen by minsken op te heljen en de beamstammen in twadde libben te jaan. Wa’t syn stoarmbeam donearret, kriget as tank in tapasplanke fan syn of har eigen beam.

Koarnjum (foto: Stadshout Leeuwarden)

Ithran de la Rie en Danita Vellinga rêde mei harren sirkulêre bedriuw Stadshout Ljouwert gewoanwei kapte stedsbeammen út Ljouwert fan de fersnipeler. Foar dy aksje rjochtsje de twa har op de hiele provinsje Fryslân. Stoarmbeammen krije in twadde libben troch der houtprodukten fan te meitsjen, lykas wandplanken en tafels. Sa hawwe in protte minsken noch wille fan sa’n beam. De aksje is betocht troch Fardau van der Kooi, ien fan de stazjêrs fan Stadshout Ljouwert: “Us heit fertelde oer omwaaide beammen by in pleats en doe tocht ik der fuortdaliks oan. Fan skea kin sa wer wat moais komme en wurdt wat ferfelends wer wat goeds.”

As in beam op jins eigen terrein omwaait, is men nei de stoarm sels ferantwurdlik foar it opromjen fan de beam. Op in iepenbier terrein is de ferantwurdlikheid foar de gemeente. Stadshout Ljouwert kin jo omwaaide beam ophelje, as dy gaadlik is om produkten fan te meitsjen. Oft dat it gefal is, hinget fan de beamsoart en de stoarmskea oan de stam ôf. Om te witten te kommen oft in beam gaadlik is foar in twadde libben, kinne minsken in foto fan de beam oan Stadshout Ljouwert stjoere fia: info@stadshoutleeuwarden.nl of 06 – 14217956.

Britsum (foto: Stadshout Leeuwarden)

febrewaris 21, 2022 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.