Twadde Keamer wol net in “koroanapaspoart”

febrewaris 9, 2022 12:44
Foto: pixabay.com

It plan fan it Nederlânske regear om in “koroanapaspoart” yn te fieren, wurdt troch in mearderheid fan ‘e folksfertsjintwurdigers ôfwiisd. De Twadde Keamer is it der net mei iens dat de tagong ta beskate plakken tenei inkeld frij is foar minsken dy’t mei sa’n bewiis sjen litte kinne dat hja folslein tsjin koroana faksinearre of fan dy sykte genêzen binne.

De measte opposysjepartije en de ChristenUnie wiene al op sa’n paspoart tsjin. De PvdA hat woansdei ek te witten dien dat syn Keamerfraksje tsjin it plan stimme sil.

It “koroanapaspoart” wurdt op it stuit al folop brûkt, mar minsken dy’t mei in testútslach sjen litte kinne dat hja gjin koroana hawwe, krije ek tagong. De regeling laat ta in protte wjerstân. It is ek net dúdlik oft dy noch doel hat, no’t it omikronskaai fan it koroanafirus sa hurd omgiet en boppedat folle minder minsken slim siik makket as âldere leaten oan ‘e koroanastambeam.

febrewaris 9, 2022 12:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.