Suzanne Schulting wint goud op 1000 meter
Resint ferskynd
Suzanne Schulting hat op de 1.000 meter shorttrack goud wûn op de Olympyske Spelen. It is de twadde olympyske titel yn har karriêre: fjouwer jier lyn pakte se op deselde ôfstân goud.
Yn tsjinstelling ta 2018 is frou Schulting dit jier de grutte favoryt. Op de 500 meter pakte se al sulver, doe wie allinnich Adriana Fontana rapper. De Italiaanske wie yn de finale fan de 1.000 meter ek ien fan de tsjinstanners fan frou Schulting.
Suzanne Schulting begûn yn de finale relatyf kalm, mar se grypte wol fuort de lieding. Efter har siet Arianna Fontana yn de ideale twadde posysje. Se kaam der lykwols nea omhinne. Nei in falpartij wie frou Fontana kânsleas. Se krige boppedat in straf.
Minjeong Choi (Súd-Koreä) wie de grutste oerbleaune konkurrint. Dy kaam op it lêste stik noch hiel ticht by, mar moast it mei sulver dwaan. It brûns is foar de Belgyske Hanne Desmet, in trainingsgenoate fan Suzanne Schulting.
Frou Schulting hie har ûnbedrige pleatst foar de finale. De kwartfinale wûn se yn in nij wrâldrekôr (1.26,514) en ek yn de heale finale kaam se net yn de problemen.
It is foar frou Schulting har fjirde olympyske medalje yn har karriêre. Fjouwer jier lyn yn Súd-Koreä pakte se goud en brûns, dit jier stiet de teller foarearst op ien kear goud en ien kear sulver.
De risping kin noch grutter wurde: Suzanne Schulting komt noch yn aksje op de 1.500 meter (woansdei) en yn de finale fan de frouljusrelay (snein).
Boarne: Omrop Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje