Súdwest-Fryslân wol wynmûnen keapje foar de mienskip

febrewaris 6, 2022 08:50

De beslútfoarming oer de oankeap fan twa fan de njoggen wynmûnen fan Nij Hiddum Hou is wer in stapke fierder. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân advisearret de gemeenterie posityf oer de oankeap fan 50% fan de oandielen yn de BV fan de hjoeddeiske eigner Vattenvall. Dêr wurdt sân miljoen euro foar reservearre yn ’e begrutting. De oerdracht fan de oandielen bart nei it opleverjen fan de mûnen. Op 3 maart nimt de gemeenterie in definityf beslút.

Kop fan de Ofslútdyk (foto: Wikipedia/Supercarwaar – CC BY-SA 4.0)

“Mei de oankeap fan de oandielen floeie de opbringsten fan de wynmûnen skielk werom nei de mienskip en geane dy nei konkrete projekten dy’t de libbensomjouwing fan ynwenners ferbetterje”, seit wethâlder Erik Faber. “En dat is krekt lykas ús ynwenners dat oanjoegen yn it boargerpartisipaasjetrajekt dat we yn 2020 yn de gemeente holden oer de takomst fan duorsume enerzjywinning yn Súdwest-Fryslân. Ynwenners fan de gemeente joegen oan dat se by duorsume enerzjywinning in rezjyrol foar de oerheid sjogge. Sy freegje ek om rjochtfeardigens en each foar in earlike ferdieling fan lusten, lêsten en sizzenskip. It is it earste projekt dêr’t alles sa moai yn byinoar komt.”

Ofrûne perioade hawwe de inisjatyfnimmers mei de dielnimmers oan de Omjouwingsrie (OAR) ôfspraken fêstlein yn in omjouwingsoerienkomst. Yn de omjouwingsadvysrie hawwe (fertsjintwurdigers) fan omwenners sit, lykas doarpsbelangen en de rekreative sektor. Op it stuit binne de gemeente en Wetterskip Fryslân yn petear mei in wurkgroep yn de OAR oer de útwurking fan de oerienkomst. Finansjele partisipaasje heart dêr ek ta. De gemeente wol 50% fan de oandielen oernimme, Wetterskip Fryslân optearret foar de oare helte. Dêr wurdt yn april beslútfoarming oer ferwachte.

Oer Nij Hiddum Hou
Wynpark Nij Hiddum Hou wurdt boud op inisjatyf fan Gooyum Houw BV en Vattenvall. It park, dat bestiet út njoggen turbines mei in tiphichte fan 177 meter, ferriist op de Kop fan de Ofslútdyk. De mûnen komme te stean tusken Koarnwert, Wûns en Surch oan wjerssiden fan de A7. Se ferfange sechtjin âldere, lytsere mûnen. De bouwurksumheden binne yn 2021 úteinset. It park wurdt ein dit jier of begjin takom jier oplevere. Nij Hiddum Hou komt der fia in provinsjaal ynpassingsplan. Fjouwer fan de njoggen mûnen binne ûnderbrocht yn in bv fan Vattenvall. De pleatslike fennoatskip Gooyum Houw hat de oare fiif mûnen yn eigendom. Vattenfall hat oanjûn syn BV ferkeapje te wollen.

febrewaris 6, 2022 08:50
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Doeke Kuipers febrewaris 6, 16:44

    Dom, dom fan it kollege! Vattenfall sjocht fan de ynfesterings ôf…..en SWF trappet deryn! It soe better weze en nim it op foar de ynwenners fan Hiddum Houw. Beskermje de minsken dêr tsjin de negative ynfloeden fan wynmûnen.

  2. Abe febrewaris 6, 21:05

    It nije bestjoeren. De gemeente keapet mei mienskipsjild mûnen foar de mienskip dy’t de mienskip sels net keapje wol om’t de mienskip op it punt fan mûnen gjin mienskip is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.