Snitser talinte-orkest wint LF2028-priis

febrewaris 14, 2022 08:23

Mei it projekt ‘Sneker Talenten Orkest’ hat Stichting Nij Lûd de LF2028-priis yn de regio Súdwest-Fryslân wûn. Ofrûne wike mocht inisjatyfnimster Annewiep Bloem de byhearrende sjek fan 2028 euro yn ûntfangst nimme. It bedrach is in oanmoedigingspriis dy’t út it Iepen Mienskipsfûns (IMF) wei yn gearwurking mei LF2028 opset is. Nei alle iepenstellingsperioaden fan it IMF, kiest de sjuery in winner út trije nominearre IMF-projekten de regio. It Snitser talinte-orkest is in projekt út de tredde iepenstellingsperioade fan 2021.

Foto: Provinsje Fryslân

Mei-inoar muzyk meitsje yn Snits
It Snitser talinte-orkest bestiet út muzikanten út de hiele stêd en út alle lagen fan ‘e befolking. It is oprjochte út de gedachte wei dat elkenien it talint hat om it bespyljen fan in ynstrumint te learen en dat it mei-inoar muzykmeitsjen foar wille, gelok en ferbining soarget. It giet om in trochrinnend projekt, dêr’t hieltyd nije muzikanten by oanslute kinne. Dielnimmers hoege noch gjin muzikale ûndergrûn te hawwen; boartsjendewei leare se om in ynstrumint te bespyljen en noaten te lêzen. Boppedat binne der betûfte muzikanten en fakdosinten by it orkest belutsen, foar útlis en stipe.

Sjueryrapport
De sjuery wie benammen entûsjast oer de leechdrompelichheid fan it projekt: “Der wurdt gjin berop dien op ûnderfining, feardichheden of kennis; elkenien kin meidwaan. Foar in soad minsken is it in grutte stap om oan wat nijs te begjinnen en de organisaasje is him derfan bewust dat it starten fan in nije hobby bydraacht oan de persoanlike ûntwikkeling. Mei-inoar muzyk meitsje is in hiele simpele en krêftige wize om in nij sosjaal fermidden op te bouwen en it gefoel te hawwen earne by te hearren.”

Ut de selektearre projekten fan de oare fjouwer regio’s hat de sjuery ek in priiswinner keazen. Dy krije ek in bedrach fan 2028 euro. De sjuery bestiet út Immie Jonkman, direkteur fan Arcadia (LF2028) en Judith Baarsma fan Keunstwurk.

 

febrewaris 14, 2022 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.