Sneon 5 febrewaris Dei fan de Alvestêdetocht yn De Tiid Boalsert

febrewaris 2, 2022 08:44

Sneon 5 febrewaris wurdt tusken 14.00 en 17.00 oere de tredde Dei fan de Alvestêdetocht holden yn kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert.

Boarne: Frysk Film- en Audioargyf

Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân iepenet de gearkomste, Wiebe Wieling sil sprekke as foarsitter fan de Keninklike Feriening De Fryske Alvestêden. Sjoernalist Roeland Stekelenburg toant ûnbekend filmmateriaal fan reedrydleginde Willem Augustin by de Alvestêdetocht fan 1997. It Frysk Film- en Audioargyf presintearret in stikmannich nije en bysûndere fynsten.

Ferline en takomst
Deifoarsitter Sippy Tigchelaar giet yn petear mei Alvestêdefoarsitter Wiebe Wieling. Hokker oantinkens hat er sels oan de Alvestêdetocht? En hoe sjocht er de takomst fan de legendaryske tocht dy’t as dy al in fearnsiuw net mear riden is? Roelof Stekelenburg lit filmbylden sjen fan de Alvestêdetocht fan 1997, dy’t er sels ried as meiwurker fan it telefyzjeprogramma NOVA. Hy folge doe Willem Augustin, dy’t al yn 1941 syn earste Alvestedetocht ried. Presys 25 jier letter wurdt dat unike materiaal opnij fertoand.

Podcast
Op 18 jannewaris, de dei dat it eksakt 59 jier lyn wie dat de barre Alvestêdetocht fan 1963 riden waard, hat MijnOerverhaal yn opdracht fan Tresoar in podcast mei Wim Hartung makke. De opname waard makke yn it legendaryske kafee Moarkswâl yn Aldtsjerk. As 17-jierrige stapte Wim Hartung op 18 jannewaris 1963 yn Harns it iis op en ried er ‘de hel fan it noarden’ – de lêste tachtich kilometer fan de Alvestêdetocht. Op dy tocht moete er George Schweigmann. Dy ferfolgen tegearre de rûte. Noch foar midsnacht berikten sy, mei noch twa oare riders, de einstreek op de Grutte Wielen deun bûten Ljouwert. It kafee yn Aldtsjerk spilet in wichtige rol yn it ferhaal fan Hartung en ôfrûne jannewaris wie er nei 59 jier foar it earst wer werom yn dat kafee. De podcast oer syn bysûnder ferhaal is meikoarten te beharkjen fia de websiden fan Tresoar, MijnOerverhaal en ferskate podcast-apps.

Sjoch ek op: www.detiid.nl.

febrewaris 2, 2022 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.