Slútgearkomste fan Waadaginda 2.0: hoe no fierder?

febrewaris 11, 2022 09:55

Tongersdei wie de digitale slotgearkomste fan it Interreg-projekt Waadaginda 2.0. Streekrjocht út it Forum yn Grins wei presintearre de projektmienskip de resultaten. Dêrneist binne de plannen en ambysjes foar it Dútsk-Nederlânske Waadgebiet foarsteld.

Foto: Enno Lieder

De ôfrûne fjouwer jier is in nije grinskrusende gearwurkingsfoarm yn de Waadregio ûntwikkele. De klam lei op duorsum en wurdearjend toerisme foar it behâld en de beskerming fan it wrâlderfgoed. De wurkpakketten omfetsje ek de oerdracht fan kennis oer it Waad tusken toeristyske oanbieders en belanghawwers.

De projektmienskip kin weromsjen op in suksesfolle gearwurking mei in protte projekten dy’t oplevere binne út de ûnderskate wurkpakketten wei. Bygelyks op it mêd fan duorsum evenemintemanagement, it ferminderjen fan ljochtfersmoarging en barriêrefrij toerisme. In stikmannich konkrete foarbylden binne de tsjeklist foar duorsume eveneminten, dy’t as rjochtline foar it organisearjen fan duorsume eveneminten tsjinnet. En de griene kampanje, dêr’t ferskate opromaksjes yn it Waadgebiet by organisearre binne, in podcastsearje oer it Waad yn gearwurking mei it reistydskrift Columbus Travel en de Stjerrekaart fan it Lauwersmargebiet en de Boskplaat op Skylge. In molkenpaadfotografywurkatelier kaam út it wurkpakket ‘ferminderje fan ljochtfersmoarging’ en learde dielnimmers de kneepkes fan fotografearjen yn it tsjuster.

Troch it dielen fan kennis tusken Dútske en Nederlânske partijen binne der ek inisjativen úteinset op it mêd fan Dark Sky. Ien fan de grutte suksessen is de erkenning fan de Dark Sky-mienskip Spiekeroog, in eilân yn it Eastfryske part fan de Waadsee.

Foto: Janis Meyer

Ferfolchprojekt, hoe fierder?
It projekt hie as doel it ûntwikkeljen en realisearjen fan grinskrusend, miljeufreonlik en duorsum toerisme dêr’t it ekosysteem Waad by beholden en beskerme bliuwt. Ilona Heijen (direkteur Interreg/EDR) joech by de slútgearkomste ynsjoggen yn de nije projektperioade Interreg 6a. Roger Davids (Merk Fryslân) en Peter Südbeck (Nationaalpark Niedersächsisches Wattenmeer) dielden harren ideeën foar in ferfolchprojekt, om fan it Waadgebiet ien fan de duorsumste gebieten fan Europa te meitsjen dêr’t it gebiet en syn ynwenners, ûndernimmers en belutsenen noch better fan profitearje kinne.

Oer de Waadaginda 2.0
It Interreg-projekt Waadaginda 2.0 is finansiere troch it Europeesk Fûns foar Regionale Untwikkeling, it Nedersaksyske ministearje foar Federale en Europeeske Saken en Regionale Untwikkeling, de Provinsje Fryslân en de Provinsje Grinslân. De útfiering leit by de seis partnerorganisaasjes, Stichting Merk Fryslân, Marketing Grinslân, Ynternasjonale Dollardrûte, Die Nordsee GmbH, Nationalparkverwaltung Niedersächsisches Wattenmeer en de Ostfriesland Tourismus GmbH.

Mear ynformaasje oer de Waadaginda is te finen fia www.wadden-agenda.nl.

febrewaris 11, 2022 09:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.