Sint-Piter wer nei Grou ûnderweis

febrewaris 10, 2022 08:49

Foto © Sint-Piterkomitee

Sneontemoarn 12 febrewaris hopet Sint-Piter mei syn helper Âldemar wer yn Grou oan te kommen. It Sint-Piterkomitee hat dêr doar oan doar in kreaze brochsjuere besoarge, dy’t de ynwenners mei alderhande meidielingen en in protte spultsjes yn ’e feeststimming bringt. Dêr stiet de brief dy’t hjirûnder ôfprinte wurdt, ek yn.

De feestlikheden om it ferbliuw fan beide gasten hinne binne dit jier lykas ferline jier wer oanpast oan de koroanamaatregels.

Op 21 febrewaris – de eigentlike feestdei – sil it twatal om 17.30 oere troch it hiele doarp útswaaid wurde.

Op www.sintpiter.nl is fan alles te witten te kommen lykas ek op
De Grouster – Sint PiterSjoernaal 2022 Diel 1 en op
De Grouster – Sint PiterSjoernaal 2022 Diel 2

.

febrewaris 10, 2022 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.