Sina: ‘Romtepún dat op 4 maart de moanne rekket net fan ús’

febrewaris 22, 2022 08:27

Op freed 4 maart om 11.25 oere stoart foar it earst ûnbedoeld in troch minsken makke objekt op ’e moanne del. It giet om in oerbliuwsel fan in raket. Hjirwei is dat net te sjen, want it bart oan de fiere side. Foar de moanne sille de gefolgen nihyl wêze. Mei alle kraters yn it lânskip is dy wol wat wend.

Foto: NASA

It barren soarget wol foar diskusje hjir op ierde. Der is skeel oer de ferantwurdlikheid foar it stik romtepún. Astronoom Bill Gray ûntduts as earste dat in stik romtepún op ’e moanne botse soe. Hy sei dat it nei alle gedachten in oerbleaun part fan in raket fan SpaceX wêze soe, it bedriuw fan miljardêr Elon Musk.

In yngenieur fan NASA wiisde him derop dat dat net doge koe. Neffens him moat it om in draachraket út Sina gean. Yn 2014 lansearre Sina de ûnbemanne Chang’e 5-T1-missy. De draachraket waard dêrnei yn in hege baan om de ierde ôfstjitten en koerst no op ’e moanne ôf, seit NASA. Sina ûntkent dat lykwols. Neffens Sina’s tafersjoch hat de raket feilich de atmosfear fan de ierde berikt dêr’t dy folslein ferbaarnd is.

Wittenskippers fan de Universitity of Arizona befêstigen de befiningen fan NASA. It kleurespektrum fan it objekt komt mei in Sineeske raket oerien en net mei in raket fan SpaceX. Bill Gray, de ûntdekker fan de ferdwaalde raket, is no ek oertsjûge fan it Sineesk komôf.

Yn 2018 kaam it Sineeske romtestasjon Tiangong-1 net-kontrolearre op ierde del, nei’t Sina yn 2016 gjin ferbining mear mei it romtestasjon meitsje koe. Sina sei lykwols dat de term ‘net-kontrolearre’ net doogde.

febrewaris 22, 2022 08:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.