Simone Djurrema: Hoastje

febrewaris 5, 2022 09:31

Kollum

Fan in jier of sechtjin ôf haw ik altyd gau hoaste. Ik hoegde my mar te ferslikken of om de ien of oare reden in hoastbui te krijen, en it koe de twa dêrop folgjende wiken samar wer hommeles wêze. Nachts in protte wekker en soms sa bot hoastje dat ik derfan spuie moast. Dokters hawwe nea wat fûn, mar ik krige de lêste jierren wol in ynhalator. Hjir yn Sweden koe it pompke gelokkich oan ’e kant. Ik kochele allinnich mar as ik sjonge moast.

En doe kaam it firus. De tiid dat we in skeetsje kamûflearren troch te hoastjen wie foarby. It is no earder oarsom. Mar mei my gie it al twa jier poerbêst!

Ferline wike freedtejûn die it slokken wat sear. Op ôfstân hie ik ien mei omikron troffen, dat ik hie foar de wissichheid it bêd yn ’e útfanhûzerskeamer mar opmakke. Ik moast ek wol in bytsje laitsje. Ik bin de lêste tiid hieltyd mear mei fitaminen en myn wjerstân dwaande, dat ik hie in hiel arsenaal njonken it bêd! Sealjetee, in gimbershot mei sitroen en koerkûma en in ferneveler mei eukalyptusoalje. Hoastdropkes. In sipel troch de helte.

Ik bin net bang, ik haw ommers gjin komorbiditeiten, dat de kâns dat it slim wurdt is hiel lyts, mar hy bestiet wol, en better te folle as te min previnsje. Ik woe der sa gau mooglik wer ôf wêze. Foar de kiel moat it holpen hawwe, dy waard net minder, mar de oare deis hie ik wol spierpine en pineholle. Ik haw my mar deljûn. Ik wie deawurch. De sneins waard it al stikken better en de moandeis wie it hast oer. Gelokkich mar, want ik bin gau sêd fan altyd in smaakje yn ’e mûle. Oft it no sealje, gimber of sokke dropkes binne, ik bin der op it lêst hielendal gallich fan.

Ik hie it mei ús tweintichjierrige soan oer it brûken fan sink hân. Hy is o sa behelpsum en wit der in protte fan. Ik stjoerde him der in appke oer. Ik krige al gau antwurd. Fan in part dêrfan meie jimme mei genietsje:

“Sink is hiel sûn om te nimmen en de measte minsken hawwe der in tekoart oan. En minsken mei oergewicht hawwe minder sink as minsken mei in sûn gewicht. Aldere minsken hawwe in folle leger sinkgehalte.”

En hy stjoerde twa keppelingen mei. Ik koe derút opmeitsje dat ik neffens him ûnder dy twa groepen fal. Ik smoarde hast fan it laitsjen en stjoerde him twa berjochtsjes:
– “DUS DO FYNST DAT IK ÂLD EN DIK BIN!!!” en
– in screenshot fan in BMI-berekkening, dy’t ik fansels fuort op de ien of oare webside makke hie. It trof, want ik foel noch krékt yn de griene sône. Dit wie syn antwurd:
“Net sa âld, mar mem is ek net jong mear, dat ik tink dat “elderly” mear fan tapassing is as “child”, “teen” of sels “young adult” (de keppelingen dy’t er my stjoerd hie wiene yn it Ingelsk).
En as antwurd op de screenshot: “Sorry, mem hat gelyk, mem hat gjin oergewicht.”

No, dat wie dan dochs wer kreas sein. Mar doe kaam dizze:
“De keppelingen liede nei echte stúdzjes. Kin mem dat wol oan? Net fan sokke quack-dokters dêr’t mem nei sjocht.”
Jimme kinne wol begripe dat ik my fuortdaliks stikken better fielde. Ik fergeat de hiele omikron efkes fan it laitsjen!

Dat laitsjen fergie my doe’t ik my teste litte woe. Dan wit men wer efkes dat men yn Sweden wennet. Se blinke hjir net bepaald út yn kommunikaasje. De baas antwurde al net op myn fraach oft dat fia it wurk moast of net, dat ik socht mar fêst op hoe’t ik it sels regelje koe. Ik googele: “Covid test Mellerud”.

Nei in protte blablabla dit:
“Hämtning och inlämning av PCR-test sker på baksidan av vårdcentralen.”
“Opheljen en ynleverjen fan de PCR-test bart oan de efterkant fan de húsdokterspost.”
Mear net.

Gelokkich haw ik úteinlik de baas te pakken krige. Tiisdeitemoan lei der by it wurk in test foar my klear. Mei hiel dúdlike ynstruksjes… Net dus.
“Välkommen att hämta ett test imorgon från klockan 7.30. Lämnas senast klockan 9.30.
Hämtas/lämnas vid socialförvaltningens personalingång, Österrådagatan 13.”

“Wolkom om in test te heljen, moarn nei 7.30 oere, ynleverje foar 9.30 oere.
Kin ophelle/ynlevere wurde by de personielsyngong fan … , Österrådagatan 13.”

It adres ken ik, mar hoe moat ik no witte wêr’t de personielsyngong is! Ik bin, mei koroana en al, nei it loket fan de yngong, dy’t ik wól wit, gien. Doe waard my útlein wêr’t twa bussen stiene. It foel my noch ta dat der goed op stie yn hokker oft de nije testen leine, en yn hokker de brûkte moasten. Ik koe gjin namme fine, dat ik haw samar ien pakt. Doe’t ik seach hoe presys oft der beskreaun waard hoe’t men de test dwaan moat om alle misferstannen foar te kommen, moast ik laitsje om it kontrast. Ik haw my ek noch fernuvere oer it feit dat men jinsels sawat yn ’e harsens prippe moat en sa fier yn de kiel komme moat dat men, om in goed testresultaat te krijen, it iten fan juster hast ynstjoert. Want as ik ien besmette wol, hoech ik mar ien oan te sjen!

Foto SD

Tiisdei tocht ik, no is it hast oer, moarn wer gewoan dwaan! Mar doe begûn ik, spitigernôch, te hoastjen. Dat ik gie, mei tsjinsin, wer oan ’e gimber, sealje, sitroen en al dy troep. Ik kin dy rommel net mear sjen! Ik wurd al gallich as ik deroan tink. Ik haw dochs noch in moaie foto makke mei de snie op ’e eftergrûn, want we hawwe noch in pear prachtige dagen hân!

Hjoed, freed, is de snie fuort en is it waar skier, wiet en wynderich. De dagen én nachten binne net noflik mei fize smaakjes en ôfmêdzjende hoastbuien. De útslach fan de test is der: posityf…, mar ik wol dat alles oer is al haw op it stuit om ljocht yn de situaasje te sjen. Myn gedachten geane út nei de minsken dy’t long covid hawwe en der folle langer yn sitte. Ik moat mar net sa kleie, betink ik, en kom op trije positive punten:

  • Elkenien skynt dizze fariant te krijen, dat dan hawwe we aanst allegearre natuerlike ymmunniteit.
  • De útslach fan de pcr-test, der wie myn natuerlike immuniteit al!
  • Miskien krij ik wol in moaie platte búk troch al it hoastjen, want dat komt op ‘e búkspieren oan!
Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
febrewaris 5, 2022 09:31
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Gjalt Faber febrewaris 6, 17:59

    Prachtig moai om dyn ferhaal út Mellerud te lêzen. Wy hiene dêr ea op fekânsje yn dy krite.
    Miskien is it yndied it bêste dat wy allegearre omnicron krije en natuerlike wjerstân opbouwe. Wy hiene sels krekt hjirfoar de âlde fariant en ek dat ha wy oerlibbe.
    Groetnis út Garyp (sunder snie)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.