Seizoen stinzefloara iepen

febrewaris 11, 2022 15:54

Fan it Fryske Gea

As yn de iere maitiid de snieklokjes en krookjes wer foar it ljocht komme, binne tunen en parken faak op syn moast. Dan is it ek de tiid om de stinzefloara op te sykjen. Wêr’t men dêrfoar wêze moat is te finen op stinzenflora-monitor.nl. Dat webstee jout in oersjoch fan bloeiende stinzeplanten op lokaasjes yn Fryslân, Grinslân en Noardwest-Dútslân.

Martenastate, Koarnjum, tapyt fan snieklokjes en krookjes
Foto © Sjoerd Hogerhuis, Stichting Martenastate

Stinzeplanten binne faak iuwen lyn plante troch aadlike famyljes om harren tunen yn de iere maitiid op te fleurjen. Grûnsoarte en lizzing meitsje dat it oeral wer oars is en net alles tagelyk bloeit. De stinzefloaramonitor lit fan febrewaris oant maaie in oersjoch sjen fan de soarten, bloeitiden en wêr’t se te finen binne.

Oan it webstee wurkje ûnderskate organisaasjes en in netwurk fan eigeners en behearders fan fyftjin stinzefloaratunen en parken mei. Frijwilligers hâlde alle wiken – fan febrewaris oant maaie – mei foto’s en bloeigegevens de stân by, sadat besikers mei farske ynformaasje op ’en paad kinne.

Jongemastate, Raerd (SWF), bloei fan winterakoniten en snieklokjes
Foto © Dico de Klein, It Fryske Gea

febrewaris 11, 2022 15:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.