Rotterdamske haven smoarchste fan Europa
Resint ferskynd
De haven fan Rotterdam is fierwei de slimst fersmoarge seehaven fan Europa. Dat stelt de Europeeske miljeu-organisaasje Transport & Environment (T&E) fêst op basis fan nij ûndersyk. De seefeart yn ’e haven, de grutste fan Europa, is jierliks ferantwurdlik foar in koalstofútstjit fan 13,7 miljoen ton.

Haven Rotterdam (foto: pixabay.com)
Neffens it ûndersyk is de útstjit dy’t mei de seefeart te krijen hat, yn Rotterdam te ferlykjen mei rûchwei fjouwer kear de CO2-útstjit fan in koalesintrale. Op it twadde plak stiet de haven fan Antwerpen (7,4 miljoen ton), folge troch de haven yn Hamburch (4,7 miljoen ton). Amsterdam stiet mei 2,1 miljoen ton op it tsiende plak.
Yn it ûndersyk wurdt sjoen nei de CO2-útstjit fan de skipfeart by de seehavens. De útstjit fan de yndustry om de havens hinne (lykas fan elektrisiteitssintrales en oaljeraffinaderijen) is net nei sjoen.
Ynfloed havens op klimaat
De miljeuorganisaasje wol mei it ûndersyk it debat oer de ynfloed fan havens op it klimaat oanfiterje. Neffens T&E kinne havens sels mear dwaan om te ferduorsumjen, bygelyks troch ‘griene’ wâlstroom oan te bieden. Skippen kinne dan oan wâl op it elektrisiteitsnet oansletten wurde en de motoaren útskeakelje. Ferline jier april besleat it Europeesk Parlemint dat de Europeeske skipfeart mei yngong fan 2050 gjin broeikasgassen mear útstjitte mei. Dit jier al moatte skipfeartbedriuwen betelje foar de broeikasgassen dy’t se útstjitte.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje