Regear wol mûlkapkes en oardelmeterregel ôfskaffe
Resint ferskynd

It Nederlânske regear wol de ferplichtings om oardel meter ôfstân fan oare minsken te hâlden en om mûlkapkes foar te binen ôfskaffe. Dat skriuwt minister fan folkssûnens Ernst Kuipers oan de Twadde Keamer. Neffens de minister is de driging fan koroana gâns minder en binne wilens safolle minsken ymmún tsjin it firus dat soks mooglik is.
Kuipers wol dat de kafees, restaurants, diskoteken, teaters ensafuorthinne oan ien oere ta iepen meie. Allinne foar grutte eveneminten mei mear as fiifhûndert dielnimmers bliuwe ynearsten noch beheinings, as it oan it regear leit.
Hoewol’t de Twadde Keamer dêr net foar is, wol it regear dat minsken dy’t nei de horeka en oare útgeansgelegenheden geane, in testbewiis, in intersbriefke of in genêzenferklearring sjen litte.
As koroana de kommende tiid net ynienen wer slimmer wurdt, soene de neamde regels op 25 febrewaris ferfalle kinne.
It kin wêze dat de hjoeddeiske ûntspanning op it mêd fan koroana der is, omdat der op dit stuit in soad ymmunniteit is. By de âlderein, dy’t it kwetsberst binne it meast troch faksinaasje. As dizze ymmunniteit net bliuwend genoch is, dan kin it samar komme dat der wêr mear drok op de soarch komt of sels mear deaden. Ik hoopje net op dat. As bliken docht dat ymmuniteit wol minder wurdt, dan sil wêr ta nije oppeprippen oergean wurde, mar ik ferwachtsje dat der dan net in soad animo foar dat is. In ider kear wêr opnij prippe betsjut ek wêr in soad stoffen jaan, wêrfan in soad sizze dat dy net goed binne. Ik hoopje dêrom fan herte dat dit net nedich wêze sil, en wy wêr yn in goede tiid komme.