Portretten fan it Fryske rezjimint yn De Tiid Boalsert

febrewaris 19, 2022 08:40

Fan hjoed ôf is in bysûndere searje fan achttjin portretten te sjen yn Museum De Tiid, ûnderdiel fan Kultuerhistoarysk Sintrum De Tiid yn Boalsert. It giet om achttjin portretten fan it Fryske rezjimint út it begjin fan de santjinde iuw. Foar it earst yn 150 jier binne alle portretten wer byinoar te sjen. Oant juny wurde se útstald yn Boalsert, dêrnei yn Museum Nienoord yn de Like.

Boarne: De Tiid

Portretterige
It is net dúdlike wa’t de opdrachtjouwer fan de skilderijen west hat. Mooglik hat de Fryske stedhâlder Hendrik Casimi I fan Nassau of hawwe de Fryske Steaten se ea meitsje litten. Guon portretten binne makke troch de Fryske hofskilder Wybrand de Geest. Op ’e portretten stean alle offisieren ôfbylde dy’t yn de Tachtichjierrige Oarloch yn ien fan de Fryske rezjiminten tsjin de Spanjerts fochten.

Yn ’e rin fan ’e iuwen is de hiele searje yn hannen kommen fan de Fryske bestjoerder en samler Hobbe Baerdt van Sminia (1797-1858). Nei syn dea waard de searje ûnder syn dochters ferparte en waard dy oer hiel Nederlân ferspraat. Troch yngreven speurwurk fan de gastkuratoaren André Buwalda en Jeroen Punt binne alle portretten foar it earst yn 150 jier wer byinoar te sjen.

Aldste rezjimint
It Fryske rezjimint is oprjochte yn 1577 en rint yn direkte line nei it âldste Rezjimint Ynfantery fan Prins Johan Willem Friso. It is dêrmei it âldste legerûnderdiel fan de Keninklike Lânmacht. Yn ’e geast fan de portretten út de santjinde iuw binne achttjin leden fan it hjoeddeiske rezjimint portrettearre. Dy foarmje no in unyk tsjinbyld mei harren foargongers út de santjinde iuw.

Museum De Tiid, hûs fan ferhalen
Yn it Kultuerhistoarysk Sintrum De Tiid ûnderfynt de besiker de krêft fan ferskate gearwurkjende partners: it gemeenteloket en -argyf, de biblioteek, de VVV, Museum De Tiid mei museumwinkel, auditoarium, trouseal en hoareka ûnder ien dak. Mei-inoar foarmje dy ûnderdielen de nije kulturele húskeamer fan Súdwest-Fryslân, dêr’t elkenien wolkom is. Yn De Tiid kin men mear te witten komme oer de skiednis fan Súdwest-Fryslân, der part fan wurde en sels skiednis meitsje. Koartsein, it is in plak foar echte ferhalen.

Hûs fan Ferhalen Museum De Tiid
Jongemastrjitte 2, 8701 JD Boalsert
www.detiid.nl / info@detiid.nl

febrewaris 19, 2022 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.