Podcast oer de wittenskip efter dreamen

febrewaris 4, 2022 10:00

Wat bart der yn ús holle as wy dreame? Podcast Atlas, de nije wittenskipspodcast fan de NTR, ûndersiket yn hieltyd acht ôfleveringen ien ûnderwerp. As earste leit de dream op de ûntleedtafel. Earst de duvelske dream, oer sliepferlamming en yslike hallusinaasjes.

Petra Grijzen (foto: ©Amy van Leiden)

Elkenien hat wolris in nachtmerje, mar by guon minsken binne dy tsjustere dreamen echt in probleem, hja doare net mear te sliepen. De psychologen Annette van Schagen en Jaap Lancee hawwe in missy: minsken fan harren nachtmerjes ôfhelpe. Sandor Chardonnens jout histoaryske kontekst oan de dream. Hy spesjalisearre him yn it ûntsiferjen fan hânskreaune tsjoenboeken út de sechtjinde iuw. Chardonnens wit alles fan beswarringsformules, it oproppen fan geasten en magyske rituelen.

Ofbylding: ©NTR

Minskewurk
Yn ferdjipjende petearen sil Petra Grijzen (Nieuwsuur, Atlas) ien op ien yn petear mei ‘de minske efter de wittenskipper’. Mei ûnder mear nachtmerjepsycholooch Annette van Schagen en sliepûndersiker en neurolooch Maartje Louter besprekt se harren Eureka!-mominten, mar ek harren desperaasje. Se ûntfangt ek ferslachjouwers Tom Hofland (Blankenberge Tapes) en Steven Smit (Focus Wetenschap) dy’t ferhalen út de sliepwittenskip fertelle. Oer it nut fan dreamen, luside dreamen, foarsissende dreamen en sliepeleazens.

Podcast Atlas is te finen op de measte podcastplatfoarmen en -apps en op it podcastplatfoarm fan NPO Radio 1.

febrewaris 4, 2022 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.