Plombrief RfdFB foar GGD Fryslân en Margreet de Graaf

febrewaris 10, 2022 10:32

De Ried fan de Fryske Beweging stjoert regelmjittich Plombrieven nei persoanen of ynstânsjes dy’t it Frysk brûke. Dizze kear hat de Ried besletten in Plombrief ta te kennen oan GGD Fryslân en syn direkteur Margreet de Graaf.

Boarne: GGD

GGD Fryslân is sûnt de útbraak fan de koroana-epidemy in soad yn it nijs as organisaasje dy’t ferantwurdlik is foar it test- en faksinaasjeprogram yn Fryslân. Direkteur Margreet de Graaf fersoarget meastentiids de kommunikaasje nei it Fryske publyk. Dat docht se, neffens de RfdFB, benammen foar Omrop Fryslân op sa’n natuerlike wize yn it Frysk, dat it boadskip optimaal oerkomt by de doelgroep. Fierder makket GGD Fryslân yn de ûnderskate test- en faksinaasjesintra it Frysk sichtber mei Fryske opskriften en krije bern in Frysk ‘Diploma foar moed’ nei’t se har test litten hawwe.

De Ried fan de Fryske Beweging wurdearret dat allegear tige en hat dêrom besletten GGD Fryslân en syn boechbyld Margreet de Graaf in ‘plom’ te jaan. De Ried hopet dat GGD Fryslân sa trochgean sil, ek as Margreet de Graaf de GGD ein maart ferlit foar in oare funksje. “Wy hoopje ek dat dit foarbyld neifolging fynt op managementnivo binnen de Fryske sûnenssoarch”, heakket de RfdFB der noch oan ta.

Taheakke: Plombrief

febrewaris 10, 2022 10:32
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jabik febrewaris 11, 16:46

    Mar wol in Fear mei in swart rântsje. Doe’t ik hjoed ynljochtingen frege by de GGD frege it frommiske oan de oare kant fan de line oft ik ek Nederlânsk prate woe want “helaas versta ik geen Fries”, wie har beskied. Dat “helaas” soe ik wol faker hearre wolle.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.